■v -8- 14. Comptabiliteit. De heer Vledder merkt op/lat,wanneer dWt punt wordt aangenomen, de raad straks bij punt 11 van het rapport van de le afdeling niet meer over de stille alar mering behoeft te praten, omdat de aanschaffing van de kaartenbak in de compta biliteit is opgenomen. Daarom lijkt het spreker gewenst dit punt voorlopig aan te houden. Besloten wordt conform het voorstel van b en w het voorstel inzake de comptabiliteit aan te nemen met uitzondering van het punt aanschaffing kaarten bak, waarover na de behandeling van de memorie van antwoord een beslissing zal worden genomen. Behandeling van de begrotingen voor 1976. Algemene beschouwingenDe heer Schenner spreekt als volgt: Menear de foarsitter. Foardat ik by it bigjin fan it nije bigreatingsjier op in tal punten fan de biskriuwingsbrief yngean, wol ik noch even weromsjen op it jier, dat foarby is. It is miskien net nedich, mar ik wol dochs efkes sizze, dat ien en oar ek bart üt namme fan us fraksjegenoat J. Meester. Wy meije, mien ik, wol stelle, dat 1975 üs in tal, meastal net sa aerdige forrassings brocht hat. Alderearst is der noch altyd de wethalderskwesje Draisma, dy't ynfloed hat op it dwaen en litten fan dizze Rie. De sfear, dêr't yn wurke wurdt is net optimael, in to koart oan bitrouwen bihindert in goed funksionear- jen en dat is dochs wol driuwend needsaeklik. Menear de foarsitter, foar üs Partij is de kwesje Draisma yntiid üt'e wei. Hy is gjin lid mear fan de Partij van de Arbeid en fortsjintwurdiget duS fier- ders allinnich himsels en miskien Van Belle. Dizze Ontwikkeling hat wol as gefolch hawn, dat it ofspegelingskolleezje, dat de oare partijen ha woene, net mear bistiet. De P.v.d.A, de greatst mooglike minderheit is ommers net mear fortsjintwurdige. Foaral de F.N.P. winskje wy sterkte by de üntankbere taek, dit kolleezje oerein to halden, dêr't se seis op gjin inkelde wize yn fortsjint wurdige binnen. By syn forkiezen as Ried slid en letter as wethalder is der troch de fans fan Draisma sein, dat der nou einlings in frisse wyn.troch de Rie waeije soe. Nou, dat binne wy yntiid gewaer wurden. Noch noait binne der safolle foarstellen oanhalden, ynlutsen of waerd ütsteld gjin bislüt to nimmen. Ik tink dêrby noch efkes oan de frjemde kronkelwegen fan it kolleezje, dêryn stipe troch in as de hoanne op'e toer draejende F.N.P.;» om to kommen ta it net oanlizzen fan gas yn de Burd, dat earst wol tasein wie. De nije bigreating menear de foarsitter, jowt in bytsje nijs en mën kin der ek net üt wiis wurde, hokker kant it kolleezje mei it bilied üt wol. Gjin bi- sundere dingen, wylst wy dochs sizze meije, dat de finansiële perspektiven fan üs gemeente goed binne. Wy binne üs ekstra ütkearing fan it Ryk kwyt en ha in fiks oerskot op'e bigreating. Boppedat is der noch it foarütsicht op in ekstra ynkommen fan hast in ton, as aenst de nije bilesting op fêstichheden ynfierd wurdt. Der docht düdlik bliken, dat de finansiële romte der is om in great pro- jekt üt to fieren, sa as in swimbad of in sporthal. Dit idé is net nij, it foarige kolleezje is bigoun mei de nedige romte to skeppen om eksploaitaesje- forlies opheine to kinnen, as sa'n projekt ienkear réalisearre is, sünder oare saken yn üs gemeente to koart to dwaen. Wy wolle, hwat dat swimbad oangiet, graech fan jo witte, menear de foar sitter, hwerom *t wy net op'e hichte halden wurde mei de gong fan saken. Yn febrewaris 1975 komt der in rapport fan de N.V. Sportfondsenbaden en wy hearre dér net earder hwat fan, as yn desimber. En hwat hearre wy dan? It kolleezje hat de yn it rapport neamde sifers "oanpast", sadat der in eksploataesjeforskil tusken in iepenloft- en in oerdektswimbad üntstiet fan f 70.000,It is üs in riedsel hwer't it kolleezje dit finansiële fornuft weihellet. Wy freegje üs óf, oft der mei sin op ta wurke wurdt om in oerdekt swimbad de nekke om to draeijen en in nommen Riedsbislüt by jin del to lizzen. Wurdt der by nije plannen ëk kontakt opnommen mei de bifolking, kolleezje fan iepenheit en ynspraek? Ik tink hjirby ek oan it plan sportfjild Warten, dêr't hielendal gjin oerliz mei de sportstifting oer west hat. -9-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 13