De heer de Boer zegt het volgende: Foarsitter, achte riedsleden, Ta öfslüting fan 1975 üntkomt men der net oan efkes werom to sjen; dit jildt hjir dan foar us op it gemeentlik mêd. Nimme we de muoite to sjen hoe't it der in jier lyn by stie, dan fait it al ringen op, dat guon problemen oplost binne, oaren yn omfang tanommen; itselde kin sein wurde fan alle plannen dy't üs foar eagen stienen. De ekonomyske krisis drukt syn stimoel op brede lagen fan de bifolking en bineint him net allinne ta üs lên. It oantal wurkleazen is heger as ea tofoaren. In great kompleks fan faktoaren hat der ta bydroegen, dat we hjir troch teistere wurde, in miskien noch greater tal maetregels sil der ta bydrage moatte om dizze duvel üt to bannen. Forgelike by in jier forlvn giet it ek net oan Idaerderadiel foarby, dat hjir it oantal minsken sünder wurk formannichfalaige is. De post ütkearingen under Soasjale saken fan de bigreating liicht der net om. Om ynspylje to kinnen op de mooglikheit om plannen ütfierd to krijen as wurkforrommingsobjekten, is it foar hennen hawwen fan plannen dy't ré binne om ütfierd to warden nedich. Dér üntbrekt it üs eins net. oan. It gebou fan Gemeentewurken wie yn dat ramt bisjoen in greate tafaller. Ot de ütkearing foar bistriding wurkleazens kinne de kapitaelslêsten bestriden wurde. Dat dit sa gau syn bislach kriget hie'k in jier lyn net mooglik achte. Alhoewol net yn it C.W.-forban mar yn eigen ütfiering, is de ütwreiding fan it sportfjild V.arten ek mei hjirtroch to realisearen. Wol in needsaek sa njonkenlytsen, as men wit dat dit plan al 3 jier yn nominaesje vrest hat. In hichtepunt is sünder mis it vn gebruk niranen fan de nije J.W. de Visser wei. Mei de Tütse-brêge is drt in greate forbettering foar de forbining fan Warten mei it gemeentlik-sintrum Grou. De forbettering fan de sydtüken nei Idaerd en Wergea is hjirnei heechst needsaeklik. It is hoopje ik gau safier, yn ófwachting fan de finansiële middels. Ik wol it kolleezje in wurd fan wurdearring net ünthalae om't it him mei it Pleatslik Bilang fan Idaerd forstien hat en bigryp opbrocht hat foar it forlet fan greatere feiligeus fan bern en oare ynwenners, en ont .it dêr noch it ien en °ar oan dwaen wol. Neamde forbettering giet oant en mei de fjouwersprong; freget it plan om it eintsje Tsjaerderdyk oant de gemeentegrins noch ekstra jild of is dit to dwaen mei de ütfiering fan bidoelde wei troch Idaerd? It dikepatroan fan Idaerderadiel sil nei dizze fornijing der hiel ridlik bylizze. We ha ek in tiid kend, dat de Wartensters en de VJergeasters troch in oare gemeente nei Grou tagongen. De akkomoóaesje op de sportfjilden yn Grou liet hiel hwat to winskjen oer en it hie aer alles fan, dat it by in winsk bliuwe soe. It sportsintrum kriget nou de biskikking oer it bidrach, dat oer 1975 üt de saneamde tafallers gearstald is, Dêrmei is in bydrage ta forbettering fan de sportfoarsjenning levere, dy't de greate êfterstan weiwurket. 1975 hat wer bydroegen co forskillende foarsjenningen op allerhande gebiet, ik neam nou allinnich mar even de nijbou fan de K.N.S. foar leger en beuker— ünderwiis. It is, mynhear de foarsitter sikerwier ta to skriuwen oan de hege bidragen oan subsydzje, dy't Idaerderadiel taskikt krige, dat de bigreating 1976 opset is üt eigen finansiële middels. "Baes yn eigen hüs" sa is't hjir wol- ris steld, al komt it lykwols mar al to faek foar, dat dat baes wêzen it near oplein wurdt. In art.12-gemeente öfwurden, it sünder in ekstra-ütkearing üt it Gemeentefüns stelle to moatten, bringt my by de konstatearring dat de bigreating 1976 noch de romte lit om ien en oar ütfiere to kinnen, en dêr bin ik bliid om. In forheging fan de gemeentlike bilêstingen, dêroan wie net to üntkommen, al moat sein ivurde, dat trochstrings de 10% ncarmforheging oanholden is. De wizi- ging fan de bihearsoardering fan it gasbidriuw nat der ta bydroegen, dat ek de oare helte fan de makke winst de algemiene tsjinst fan de gemeente togoede komt. Wie dit léste net bard, dan foei der it kommende jier net folie to forparten. Winst üt iepenbiere nutsfoarsjenningen boppe de needsaeklike middels foar ünderhald en nij wurk binne net goed to praten. Ik kin der yn dit gefal frede mei ha, omt dizze forhüdc Süke bilesting syn bistimming fynt binnen de gemeente- grinzen, hwermei't bilangen fan algemiene aerd tsjinne wurde. Jowt dêrom dizze bigreating reden ta foldwaning, de struktureel forsteurende faktoren, sa't we dy dan neame, binne netüt üs gemeente wei to tinken. Wy moatte dêrom wach wêze, dat we net op'e nij dêr bilanje, dêr't we nou weikommen binne -14-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 18