-14- Nettsjinsteande us kloek bihear, moatte we jimmeroan in swierdere, greatere oanslach op üs bifolking dwaen, dêr hwer't de noarmütkearingen fan it Ryk tokoart sjitte en dat is bigreatlik. De tokoarten nimme elts jier ta, om't de noarmen net mei de wurklikheit strike. Hweryn sitte dan de forskillen fan bgl.de underwiis- noarmen tusken lytse en greate gemeenten, as we witte dat boukosten, ljocht, wetter, gus, skoalhimmeljen ensfh. dêr net dan ta to skriuwen binne? We soene tokoartsjitte as gemeente om op it ünderwiis to biknibbeljen al moatte we f 70.000, der op talizZe. Ek de ünderwiisbigeliedingstsjinsten moatte omtinken krije yn'e foarm fan in ryksbvdrage. In twadde punt dat hjir nou by komt is de forleging ütkearing ünderhêld kwartaire diken. It binne beide Onderwerpen dy't üs posysje negatyf biynfloedzje; foaral it léste foarsitter hat dan ek noch to krijen mei neamde struktureel forsteurende faktoaren, mei namme de weake ündergroun. De problematyk fan de Burd is it öfroune jier net ta in ütdragene saek kommen. De forromming fan de fartiden fan de pont is in positive stap om in bettere forbining fan de Burd mei de fêste wal to krijen. Sunder meiwurking fan hegere oerheden om ta in definitive üntslüting to kommen is net mooglik. It is tige spitich.dat nei oanlieding fan it riedsbislüt yn septiraber noch gjin réaksje fan de kant fan D.S. kaem is. Dat hie in stikje wissichheit ynhalde kind t.o.f. fierder to nimmen stappen troch us as gemeente. It leefber en biwenber halden fan de Burd hinget nau gear mei de eko- nomyske Ontwikkeling fan de agraryske bidriuwen dêrre. Allinne in bettere for- w bining sil der komme moatte dy't neamde Ontwikkelingen mooglik roeitsje. De for- swierring fan it elektrysk net sil yn 1976 oan'e oarder komme oer in great gebiet (s.n. blok Eagum)It sil op'e nij foar de Burd bitsjutte, dat troch it utbliuwen fan de definitive üntslüting de kans Onbinutte bliuwt om meidraeije to kinnên mei forgelykbere bidriuwen (binammen mei it each op de molkopslach yn kuoltanks) De ombou ribelearingen fan Grou as Wergea hat üs folsleine ynstimming. Kinne we hjirby oannimme foarsitter, dat de bou fan in rioelwettersüverings- ynstallaesje to Grou yn 1976 syn bislach kriget? Dêrmei soe wer in bydrage ta in skjin miljeu levere wurde. Yn de rubryk "Koning Klant" waerd gauris in undersyk fan wettermunsters publyk makke. Dizze neiste omkriten wie de ütslach meast viswater goed", '^zwemwater slecht". Ik soe my foarstelle kinne, foarsitter, dat 30 nei de earste utspraek al tige kontent wêze soene. As we as gemeente dan nochns sa fier kamen dat ek it "zwemwater goed" wie, moat men dêr net üt kon- kludeare dat in swimbad dan oerstallich wêze soe. Dat wie myn ütgongspunt net. Ik stel my posityf op tsjinoer it stiftsjen fan in swimakkomodaesjeal hat dat syn fmansiele konsekwinsjes fansels. It dwaen fan in goeije kap, net allinne tusken de mooglikheden op dit mêdmar ek oangeande al dy oare winsken fan. great for- maet is net maklik. De tasizzing is dien dat üs gemeente biskikke mei oer in tohus foar minsken op jierren; de réalisaesje dêrfan, giet neffens my dan wer foar by de bou fan m swimbad. It hat allegear syn ynfloed op it gemeentlik budget en at is net ünbigrinze. Itselde kin sein wurde fan de bou fan in gymnastykseal gearhingjend mei it stiftsjen fan in sporthal. Nou't de Mavo aensens net mear de biskikking hat oer in goed gymlokael liket it my soun ta, as de kans der is, om in nijenien to bouwen, dy net foarbygean to litten, mei oare wurden: dizze twa forskillende foarsjenningen net oan elkoar to keppeljen. Mei it stiftsjen fan de K.N.S. kin in bigjin makke wurde mei it op 'e nij forparten fan de frijkommende gebouwen. Yn de öfdielingsgearkomsten hat it al oandacht krige en ek üt de memory fan antwurd fan it kolleezje docht bliken dat dit noch hielendal iepen leit foar bislütfoarming. It muoit my tige, dat it doarps- hus yn Wergea as in wichtich ünderkommen fan it forieningslibben yn dit doarp mei de stiftmg I.D.A. de dupe wurdt trochdat har de jildmiddels üntholden binne harren wurk op deselde foet fuort to setten. Mei dat it net ütslüten is de aid beukerskoalle yn Wergea om ,to setten yn in aoarpshüs, soe ik it kolleezje der qp oanstean wolle de stifting de.nedige stipe to forlienen. jürlike mêd hat it öfroune skoft it konsept réorganisaesje binnenlands bestuur" wol de measte oandacht frege. -15-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 19