SE SEE 10a. Foarstel ta it fêststellen fan in tarissings- bislüt ex artikel 21 fan'e Wet op de Ruimtelijke Ordening. GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü.4005 Oan de gemeenterie. Grou, 12 desimber 1975. It liket der op, dat yn'e rin fan it oare jier in definityf üntwerp- bistimmingsplan foar de küm fan Grou to bisjen lein wurde kin. Forsiken om bouforgunning yn de küm fan Grou, kinne nou noch net oan it nije plan hifke wurde en moatte hwannear't se oan de foarskriften sa't dy nou jilde, foldogge, tastien wurde. Om in net winske üntjowing yn de küm fan Grou to kearen, is it nedich, om mei gebrük fan de mooglikheit fan artikel 21 fan'e wet op de Ruimtelijke Ordening, foar dit gebiet in tarissingsbislu't fêst to stellen. Sa'n bislüt forfait, as net binnen in jier nei dat it nommen is, it üntwerp-plan to bisjen leit. Tidens dizze termyn fan in jier moatte boargemaster en wethalders op groun fan it bipaelde yn artikel 50, 2e lid fan'e Woningwet harren der oan halde, it nimmen fan bislissingen op bouoanfragen foar bouwurken yn de küm fan Grou, oan to halden oarft it üntwurp-bistemmingsplan to bisjen leit. Sa kin it bislissen op oanfragen foar net winske bouplannen ütstelt wurde ta it tyd- stip, hwerop it hifkjen oan it üntwerp-plan mooglik is. Oan'e oare kant kin foar bouplannen, dy't net yn striid binne mei it plan sa't it tarist wurdt, yn de tiid dat it tarissingsbislüt fan krêft is, nei in foaröfgeande for- klearring fan gjin biswier fan deputearre steaten, forgunning forliend wurde. Op groun fan it boppesteandestelle wy jim foar, to forklearjen, dat in bistimmingsplan foar de küm fan Grou tarist wurdt en dêrta to nimmen in bislüt, hwerfan it üntwerp by de riedsstikken foar jim to bisjen leit. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 57