5# Foarstel om in perseel wetter fan de GEMEENTE IDAARDERADEEL Foudering to forhieren oan de Wergeaster GROUW Wettersportforiening. Nü. 594 Oan de gemeenterie. Grou, 27 febrewaris 1976. Foar it meitsjen fan in steger yn de Foudering to Wergea, by de südlike wal lans op de hichte fan it gymnastyklokael en de beukerskoalleis it nedich, dat de Wergeaster Wettersportforiening de biskikking krijt oer in perseel wetter, great 138m2 (46 x 3m), dat diel utmakket fan it perseel, byit Kadaster bikend as gemeente Werregea, seksje A, nü 3116. De bidoeling is, dat oan de leden fan de wettersportforiening de moog- likheit bean wurdt oan de steger in lizplak foar harrei roeiboaten to hieren. De steger wurdt sa makke, dat er oer de hiele lingte 1 meter üt de wal bliuwt. Se meije net oer it terrein fan it gymnastyklokael en de beukerskoalle rinne Wy stelle jim üt, oan de Wergeaster Wettersportforiening to forhieren it perseel wetter, great 138m2, hwerfan de tekening by de stikken leit, tsjin de gebrüklike hierpriis fan f 0,50 de m2 - de foriening hat hjir gjin biswier tsjin - en fierder ünder de bitingsten, neamd yn it üntwerp-bislütdat by de riedsstikken leit om yn to sjen. Boargemaster en wethülders fan de gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrij ling, boargemaster D. Smits siktaris

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 19