8. Foarstel om in perseel groun op it GEMEENTE IDAARDERADEEL yndustryterrein to forkeapjen. GROUW ,-,c. Oan de cremeenteried. Nu. 1351 Grou, 29 april 1976. Yn in skriuwen, dat foar jimme klear leit om yn to sjen, freget B.V. Autobidriuw Fennema, Stasjonswei 86 to Grou, om in perseel bou- terrein, dat efter it bidriuw leit, great 2482m^ en by it kadaster bikend ünder gemeente Grou, seksje A, nü 3939(diels) en 4809(diels), oan to keapjen, sa as op de tekening oan jown is. De forkeappriis fan de groun is by jim bistót fan 10 febrewaris 1976, nü 19 fêststeld op f 26,55 de m^. De folsleine priis fan it to forkeapjen perseel is sadwaende 2482 x f 26,55 f 65897,10, sunder B.T.W. De forkeap fynt fierder pleats neffens it bipaelde yn de "Algemene voorwaarden voor de verkoop van bouwterreinen in exploitatie bij Sp* het grondbedrijf der gemeente Idaarderadeel" Wy stelle jimme üt oer to gean ta forkeap fan bidoeld bouterrein tsjin boppenearade priis en bitingsten. It hjirby hearrende konsept-bislüt leit by de stikken foar jim om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 37