GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nu. 2849. 7. Foarstel om in tarissingsbislüt as bidoeld yn kêst 21 fan'e "Wet op de Ruimtelijke Ordening" fêst to stellen. Oan de gemeenterie. Grou, 10 septimber 1976. De hear R. Stienstra, Narderbuorren 1 to Wergea hat üs kolleezje frege, him forgunning to jaen foar it bouwen fan in féstal by syn pleats. It hjirfoar yntsjinne bouplan is yn striid mei it bistimmingsplan sa't dat dêr jildt. Om dizze bou wol trochgean litte to kinnen moat foar dit part it earderneamde bistimmingsplan foroare wurde. Wy binne fan bitinken, dat oan de plannen fan Stienstra meiwurking forliend wurde moat. It foroarjen fan it bistimmingsplan nimt nochal hwat tiid. It bouplan kin lykwols ütfierd wurde mei tapassing fan .it bipaelde yn kêst 19 fan'e "Wet op de Ruimtelijke Ordening" en 50,8e lid fan'e "Woningwet". Tapassing fan dizze kêsten, kin allinnich,-as troch jim yn it foarste plak in tarissingsbislüt nommen is as bidoeld yn kêst 21 fan'e"Wet op de Ruimtelijke Ordening". Nei't dit bislüt der leit om yn to sjen, kin de frege forgunning forliend'wurde asdeputearre steaten yn't foar forklearre ha dêrtsjin gjin biswier to hawwen. Op groun fan it boppesteande, stelle wy jim foar to forklearjen, dat it foar in part foroarjen fan it "Bestemmingsplan in Hoofdzaak" tarist wurdt en dêrom it bislüt to nimmen, lykas dat yn üntwerp, foar jim by de riedsstikken leit om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 27