SE GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü. 3241 4. Foarstel om de oardering to foroarjen, dêr't yn fêststeld wurdt op hokker dagen yn 'e gemeente de merken halden wurde sille. Oan e gemeenterie Grou, 8 oktober 1976. By jimme bislüt fan 30 jannewaris 1973, nü 14, is in nije oardering fêststeld, dêr't yn regele wurdt, op hokker dagen yn'e gemeente de merken halden wurde sille. Ut krêft fan dizze oardering is de septimbermerke yn Grou fêststeld op de twadde snein en moandei yn septimber en de sneontojouns dêroan- foaróf De foriening F.F.F. yn Grou hat nou frege, om de septimbermerke op freedtojoun om 7 üre bigjinne to litten. Neffens üs hoecht dit gjin biswier to wêzen, om't de sneon oer't algemien as frije dei oanmurken wurde kin. Boppedat hawwe wy oan de foriening F.F.F. yn 1974 en 1975 al ta- stimming jown om de merke de freedtojouns om 7.00 üre bigjinne to litten hwerby't wy fan doel wiene om yn'e rin fan'e tiid in riedsbislüt üt to lokjen. Nou't der yntusken foar 1976 opnij frege is, liket it üs goed ta om, omreden dat neffens kêst 168 fan'e gemeentewet it foech, om de merken to foroarjen by de rie leit, jimihe kolleezje foar to stellen de septimbermerke yn Grou mei yngong fan 1977 fêst to stellen op de twadde snein en moandei yn septimber en de sneons en freedtojouns dêroan foaröf. Yn de forpachtingsbitingsten kin mei dizze foroaring dan rekken halden wurde. Wij stelle jimme dêrom foar, om de oardering fan 30 jannewaris 1973 to foroarjen, troch it hjirbij oerleine üntwerp-bislüt fêst to stellen. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1976 | | pagina 14