13. Foarstel om it rioel to Warten to f'orni jen. GEMEENTE IDAARDERADEEL GRÜUW Oan'e gemeenteried. m. 1314. Grou, 1 april 1977. De rounwei yn Warten en de suteldyk dêrneist binne yn 1955 klear kommen It rioel, dat yn de suteldyk leit, binammen it part tusken de "Burgemeester Waldastraat" en de Nije Reed yn, is tige min. In dei as hwat lyn foei der in gat yn'e dyk en by't opgraven die bliken dat inkelde betonbuisen stikken wiene en sels by elkoar lans leinen. In part fan dit rioel, dat leit tusken twa inspeksjeputten yn, sil dan ek fornijd wurde moatte. Troch ditfornijen is in ynfestearring nedich, lykas oanjown stiet op de kostenraming dy't foar jim ré leit om yn to sjen. By it ofskriuwen yn 10 jier en in rintefoet fan 9^%,rint hjir in kap- taellêst ut fan f 1462,50. Meidat de gemeentebigreating foar 1977 noch genöch romte jowt foar it dekken fan dizze lést en it fornijen needsaeklik achte wurde moat, stelle wy jimme üt ta de hjir bidoelde forsjenning oer to gean en dêr ta in bislüt to nimmen, dêr't it konsept fan foar jimme by de riedsstikken leit om yn to sjen. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 55