12. Foarstel om de Algemiene Polysje- oardering to wizigjen. GEMEENTE iDAARDERADEEL GROUW Nü. 2039. Oane gemeenterie Grou, 10 juny 1977. It hat üs bliken dien, dat in stikmannich eigners fan boaten, dy't om utens wenje, mei harren boaten in fêst lizplak ynnimme oan de fearten, havens, kades, wallen of biskoeijingsdit fakentiids ta greate argewaesje fan de omwenners Op groun fan de bisteande Algemiene Polysjeoardering kin tsjin dizze boateneigners net regaed halden wurde. Yn de nije üntwerp-Algemiéne Polysjeoardering dy't jimme yn'e rin fan't jier oanbean wurde sil om fêst to stellen, is dizze matearje öf- dwaende regele. De nije "Landschapsverordening Friesland 1975", dy't êa't jimme bikend is op 1 jannewaris 1.1. yngien is, sil yn'e rin fan tiid ek yn dizze liemte forsjen kinne. De boateneigners krije dochs in jier lang de tiid de forgunning dy't hjirfoar noadich is bij deputearre steaten oan to freegjen, foar safier harren boaten langer as 9 meter, breder as 3.30 meter en heger as 2.25 meter binne, itjinge bitsjut, dat krekt takomme jier op groun fan dizze oardering maetregels to forwachtsjen binne. Om dit jier noch effektyf tsjin dizze eigners regaed meitsje to kinnen, stelle wy jimme üt de jildende Algemiene Polysjeoardering oan to foljen mei in kêst, dat yn dizze liemte foarsjocht. It untwerp-bislutdat foar jimme by de stikken ré leit om yn to sjen, kin fêststeld wurde. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Idaerderadiel K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 111