3ÖE ESE Oan de leden fan de gemeenterie fan Idaerderadiel. GEMEENTE iDAARDERADEEL GROUW Nü. 2919. Underwerp: Gearkomste. Grou, 5 augustus 1977. Hjirby noegje ik jim ut foar in iepenbiere gearkomste fan de rie op tiisdei 16 augustus o.s., de jouns om healwei achten. De boargemaster fan Idaerderadiel, K.J. Vrijling. W U R K L I S T 1Oantekeningen De oantekeningen fan de gearkomste fan 28 juny 1.1. geane hjirby yn ünt- werp. Der wurdt ütsteld dy fêst to stellen. 2. Meidielings 3. Ynkommen stikken. a. Deputearre Steaten ha it riedsbislüt fan 17 maeije 1.1., nü 14, om twa persieltsjes groun to forkeapjen oan mefrou S. Valk - van Meerloo to Wartengoedkard b. Deputearre Steaten ha gjin biswier tsjin it riedsbislüt fan 17 maeije 1.1., nü 11, om in forgoedingsregeling foar frijwilligers by de ge- meent like branwacht fêst to stellen; c. Birjocht fan it deistich bistjür fan de Regio Leeuwarden, dat de regiorie op groun fan de ierd en ynhald fan de fan de dielnimmende gemeenten üntfongen reaksjes, ta de konklüsje kommen is, dat it op dit momint gjin sin hat, to stribjen nei it ynstellen fan in regionale tsjinst foar it sammeljen fan hüssmoargens; d. Advys fan it deistich bistjür fan de Regio Leeuwarden oan de regiorie, oangeande it ryksbilied by de bisteging fan programs foar oanfolgjende wurkgelegenheit e. Deputearre Steaten ha birjocht dien, dat de minister fan ynlanske saken de termyn foar it ütbringen fan advys hwat de foarstellen ta gemeentlike weryndieling fan Fryslan oanbilanget, forlinge hat ta 1 oktober 1977; f. Deputearre Steaten ha it riedsbislüt fan 21 juny 1.1. nü 17, om in streek groun oan it wetterskip "De Bird" to Grou to forkeapjen, goed kard g. Deputearre Steaten ha birjocht dien, dat gjin biswier bistiet tsjin it riedsbislüt fan 28 juny 1.1., nü 6, ta it fêststellen fan in nije leanoardering foar it gemeentepersoniel; h. Itseldedat gjin biswier bistiet tsjin it riedsbislüt fan 28 juny 1.1., nü 6a, ta it forlienen fan in ütkering yniens oer it earste fearns- jier 1977 oan it gemeentepersoniel; i. Itselde, dat gjin biswier bistiet tsjin it riedsbislüt fan 28 juny 1.1, nü 7, ta it fêststellen fan in nije leanoardering foar de skoalskjin- maksters/makkers

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 7