GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü. 2920. 17. Foarstel om foech neffens de "Wet op de Bejaardenoorden" oan de regio Leeuwarden oer to dragen. Oan de gemeenterie. Grou, 5 augustus 1977. De regiorie hat op 8 maert 1.1. in ütstel fan it deistich bistjür bisprutsen, om de dielnimmende gemeenten in advys to jaen, om to stribjen nei it ynstellen fan in regionale yndikaesjekommisje foar opname yn in tohüs foar alden fan dagen. De regiorie hat hjir omtrint bisluten oan de kolleezjes fan boargemaster en wethSlders to forsykjen, oan it ta stSn bringen fan ien regionale kommisje mei to wurkjen. Derby is düdlik oanjown, dat in soksoarte kommisje allinnich bidoeld is foar it öfjaen fan in forklearring, hwerüt blykt yn hoefier men forlet hat fan forsoarging yn in tohüs, en dat in regionale yndikaesjekommisje ek allinnich dêrta it foech ha sil. Troch 10 fan de 11 oansluten gemeenten, hweründer üs gemeente, is posityf réagearre. Yn syn gearkomste fan 21 juny 1.1., hat de regiorie omtrint it yn stellen fan de yndikaesjekommisje troch praten en him forienige mei de ütgongspunten yn it hjirbygeande advys fan it deistich bistjür, fan 6 juny 1977. Neffens artikel 31 fan de mienskiplike regeling kinne de rie, it kolleezje fan boargemaster en wethalders en de boargemaster fan in diel nimmende gemeente it ütoefenjen fan it bipaelde har takommend foech, c.q. de ütfiering fan bipaelde taken, ta bitrouwe oan de regiorie, respektife-r lik it deistich bistjür en de foarsitter fan de regiorie. It kolleezje fan boargemaster en wethSlders docht gjin ütstel, as yn art. 31 bidoeld, foar dat de gemeenterie dérmei ynstimd hat. Wy stelle jim sadwaende üt der mei yn to stimmen, dat: a. it folgens de 'Wet op de bejaardenoorden" oan üs kolleezje takommend foech, hwat de taek, gearstelling en wurkwize fan in yndikaesjekommisje oanbilanget oerdroegen wurdt oan it deistich bistjür fan de regio Leeuwarden b. it neffens neamde wet oan de rie takommend foech om regels to stellen hwat it birop oanbilanget oerdroegen wurdt oan de regiorie. It dêrta troch jim fêst to stellen üntwerp-bislüt leit bij de stikken foar jim om yn to sjen. Boargemaster en wethSlders fan de gemeente Idaerderadiel, K.J. Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 81