-2- j. Itselde, dat gjin biswier bistiet tsjin it riedsbislüt fan 28 juny 1.1., nü 8, ta it hersjen fan de klaeijingstaslach foar de wurklju; k. Itselde.dat gjin biswier bistiet tsjin it riedsbislüt fan 28 juny 1.1., nü 9, ta it foroarjen fan de rjochtsposysjeregelingen foar it gemeente- personiel Der wurdt ütsteld dy stikken foar kundskip oan to nimmen. 4. Foarstel om. in wente to Grou oan to keapjen. 5. Foarstel om de bidragen, bidoeld yn artikel 103, 2e lid, fan de leger- ünderwiiswet 1920 foar de skoallen foar bisünder leger ünderwiis oer 1976 fêst to stellen. 6. Foarstel om forgoedings, bidoeld yn de artikels 73 en 127 fan de beuker- ünderwiiswet foar de bisündere beukerskoallen oer 1976 fêst to stellen. 7. Foarstel om in diel fan de dyk Grou-Jirnsum to asfaltearjen. 8. Foarstel ta it treffen fan leanmaetregels foar it gemeentepersoniel en it personiel fan de Stifting Friesma-Hiem yngeande 1 augustus 1977. 9. Foarstel om in nije oardering op de leanen fan de skoalskjinmaksters/ makkers fêst to stellen. 10. Oanfrage om üntslach fan de heer D.J. van der Meer as haed fan De Trije Doarpenskoalle foar gewoan leger ünderwiis to Readhuzum. 11. It bineamen kasu kwo it opnij bineamen fan bistjürsleden fan de Stifting Jachthaven Warten. 12. It bineamen fan in fortsjinwurdiger fan de rie yn de op to rjochtsjen stifting foar de eksplotaesje fan it nije forsoargingstehüs 13. Foarstel om in tarissingsbislüt as bidoeld yn artikel 21 fan de Wet op de romtlike oardering foar de Blikpölle to Grou fêst to stellen. 14. Foarstel om in tarissingsbislüt as bidoeld yn artikel 21 fan de Wet op de romtlike oardering foar in perseel yndustryterrein oan de Stasjonswei to Grouw fêst to stellen. 15. Foarstel om in tarissingsbislüt as bidoeld yn artikel 21 fan de Wet op de romtlike oardering foar in terrein oan de Rjochte Grou by de Jirnsumersyl fêst to stellen. 16. Oanfrage neffens artikel 72 fan de leger-ünderwiiswet 1920 fan it bistjür fan de bisündere skoalle foar gewoan leger ünderwiis to Warten. It giet om it oanskaffen fan in nije lêsmethoade 17. Foarstel om foech neffens de "Wet op de Bejaardenoorden" oan de regio Leeuwarden oer to dragen. 18. It bineamen fan in lid fan de twadde öfdieling fan de rie. 19. It bineamen fan in lid fan it algemien bistjür fan it "Woonwagenschap Fries land" 20. It bineamen fan in forfangende fortsjintwurdiger yn de gearkomste fan oan- dielhülders fan de N.V. Wetterlieding Fryslan. 21Komptabiliteit Büten de foroarings dy't nedich binna troch de bisluten neffens boppesteande wurklist, slane de wizigings foar it greatste part op:

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 9