GEMEENTE IDAARDERADEEi,
GROUW
7. Foarstel om in perseel wetter to Grou
to forhieren.
Oan de qemeenterie.
Nü. 3915.
Grou, 4 novimber 1977.
Sa as jim witte, is by jim bislüt fan 13 novimber 1973, nü. 18, oan
forskate forhierders fan boaten en jachtbouwers, foar it ütoefenjen fan har
bidriuw, in perseel wetter forhierd foar de priis fan f. 0,50 de m^, foar
it tiidrek fan 1 jannewaris 1974 oant 1 jannewaris 1979.
De Fa. Ni-ja to Grou, Oedsmawei 10, hat yntusken oan us forsocht, in
streek wetter foar hür terrein lans hiere to meijen.
It giet hjir om in perseel wetter fan de Rjochte Grou, kadastrael bi-
kend gemeente Grou, seksje A, nü. 4021 (diels)great 220 m^sa as oan-
jown is op de tekening, dy't foar jim by de stikken leit om yn to sjen.
T7y stelle jim üt, bidoelde streek wetter oan de Fa. TTi-ja to for
hieren, ünder de folgjende bitingsten:
1. de hierpriis bidraecht f. 0,50 de m^ it jier en jildt foar de periode fan
1 oktober 1977 oant 1 jannewaris 1979;
2. de hier moat yn jannewaris foarüt bitelle wurde, troch it bidraech to
stoarten op de rekken fan de gemeente by de Rabo-bank to Grou, foar de
periode fan 1 oktober 1977 oant 1 jannewaris 1978 f. 27,50, foar 1
desimber 1978;
3. de gemeente is net oanspraeklik foar it op djipte halden fan it wetter;
4. by it biëingjen fan de hieroerienkomst moatte de op it hierde perseel
oanwêzige opstallen troch "hierster" nei it sin fan de gemeente for-
widere wurde.
Wei 1 jannewaris sil de hieroerienkomst dan tagelyk mei de oare
öfrinnende oerienkomsten forlingd wurde.
It dêrta strekkende konsept-bislüt leit bv de stikken foar jim om yn
to sjen.
Boargemaster en wethalders fan
de gemeente Idaerderadiel,
K.J. Vrijlina, boargemaster.
DSmits
siktaris.