-24- De hear de Boer seit it folgjende; "Foarsitter, achte riedsleden, In jier forlyn, minhear de foarsitter, hat dizze ried in moasje oan- naera, rjochte oan it Provinsiael Bistjür, om de noarmen op'enij to bisjen, dy't it mooglik makken, dat ek gemeenten lyk as Idaerderadiel yn nominaesje komme foar de doelütkearings foar A.C.W.-wurken. Ien fan dy hantearre noar men wie wol it sifer foar it tal wurkleazen fan in gemeente. Ek no kin we üs lokkich priizgje, dat it wurkleazenpersintaesje yn Idaerderadiel ta de allerleechsten beheard. It fait min oan to jaen yn ho fier dizze ütspraek fan'e rie syn ütwurking hawn hat. Dochs is it sa, dat it takennen fan in twatal subsydzjes bepalend binne, dat inkele forsjenningen yn it öfroune jier 1977 stal krigen. De finansjele stipe, dy't it mooglik makke, dat de Burd in swierdere pont mei ynstekhavens ta har beskikking kriget, hat yn bisünder koarte tiid syn bislach krige. It bitsjut foar de boeren dêrre, dat hja ekonomysk lyk op gean kinne yn forgelyk mei har kolleges earne oars. It twadde is de earste oanset ta de rioelfornijing yn Grou. Dermei is dan faeks ek oan de bitingst foldien om oanslüten wurde to kinnen op to bouwen süveringsynstallaesjeDe nije riolearring bringt üs as gemeente wol hwat yn in streamforsnelling, dy't it kosten-aspekt bigjinne to reitsjen. Yn't ramt fan de sanearring fan de kom fan Grou kin we der eins net omhinne wei dy wurken by under to bringen en üt to fieren, dy't op dat part fan Grou slaen en hwer't ek de rioelombou plak fynt. Jo hawwe, foarsitter, yn de öfdielingsgearkoraste wiidweidich omtinken jown, oan al datjinge hwat er op üs takomt by dit soarte wurken anneks mei de neamde doelstelling. De administraesje, hwer't no noch ien fan üs amtners de tiid foar frij makket, bigjint swier to weagen. Fandêr de fraech dy't yn üs midden lein waerd, moat der yn 1978 in amtner oanlutsen wurde as yn 1979 sa as yn de 5-jierren planning fan üt gien waerd. Allyk sa en yn ho fier moat wy rekken hélde mei it forpleatsen fan Ealbertsma, bigreate oer 1978. Elts jier binne der wol saken, dv't net fan to foaren bisjoen wurde kinne. De greate öfhinkelikins fan hegere oerheden dy't op forskate méden parten spylje, drage der ta by, dat üs eigen biliedsplannen maklik forsteurd wurde Dermei wol ik fansels net sizze dat wy it öfkommen fan finansjele stipe üs noas foarby gean litte moatte. De oare kant fan de medalje is dat wy leaver sjogge mear "baes yn eigen hüs to wêzen" Gelykense basisütkearings per ynwenner en rejele forgoedings foar ünderwiis (stiftings- en exploitaesje noarmen)It soe üs ündfhinkeliker meitsje fan de doelütkearings hwer't we net folie oer yn to bringen ha, hjirfoar yn'e nominaesje to kommen. Sintrael stiet yn 1978 it kombinearre sporthal-swimbad-plan. It mak ket eins safolle üt, dat it as in reade tried troch üs bigreating rint. He witte allegearre wol, minear de foarsitter, itjinge ik yn it foar- geande bisocht ha wer to jaen, de kommende jierren lit it budget net in soad romte mear om greate finansjele sprongen to meitsjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 55