-25-- De bigreating 1978 jowt in gunstich byld. Ien dy't mooglikheden biedt, mei namme it to forpatten oerskat. De ynstelde kommisje om hurde sifers oer de neamde sportakkommodaesje oan'e rie foar to lizzen is noch dwaende. Ut in tuskentiidsforslach is op to meitsjen dat it in hiele hijs wurdt, yn elts gefal dat it üterste fan üs biskikbere finansjele middels frege wurde sil en dus in birop op üs ynwenners. It foargeande haldt yn, dat yn de rin fan 1978 bisjoen wurde moat hwat by de einrapportaezje fan de kommisje de mooglikheden binne' en hwêr't de prioriteiten stelt wurde moatte. It öfroune jier ha mear as minder yn!t each rinnende saken har om- tinken krige en bislüten oernaem. Oaren lizze der dy't noch krekt sa hinne as in jier forlien. It soe bijgelyks foaral dyjinge dy't daegliks konfron- tearre wurde mei de sydtüken fan de J.W. de Visserwei noflik oankomme hjir hjoed in lüd biharkje to kinnen, hwêr't yn sein wurdt. alle hope net farre to litten op forbettering dêrfan. It skreaut oan'e protters, sa soe ik de tastan illustrearje wolle. Hoe fier is it mei it forsoargingstohüsMankearret it alline noch oan it öfkommen fan de jildlike stipe?. In suggesty fan de F.N.P.-syde it Frysk mear yn'e riedsstikken to bruken is forliene jier ek op it aljemint brocht. Der waerd doe tasein yn'e rin fan 1977 hjirop werom to kommen. Dit is fan'e kant fan't kolleezje net bard. Hwat my op't stuit fornuvert is dat fanüt de twadde riedsofdieling it foarstel dien wurdt it yn 1974 nommen bislüt büten oarder to stellen. Dit neam ik houwe mei de stompe bile, sunder oan to jaen hwêr't dan de Fryske tael ta syn rjocht komt yn in rie dêr frywol alline de fiertael is. It krewearjen it Frysk yn'e riedsstikken tagonkelik to meitsjen, soe hjirmei wer ófbrutsen wurde. Ik gean der fan ut dat it Frysk folslein lyk- weardich oan it Hollansk rjocht dien wurde moat. Hjir wurdt ünrjocht bidreaun as de Fryske oersetting oan it koartste ein lükt. Dat it kolleezje hjir unanym efter stiet, is my ek in riedsel. De F.N.P. hat in kritysk lüd hearre litten ten oansjen fan de hüzebou yn Grou. De yntegraesje, dy't neffens har minder forrint as in great tal nije ynwenners har nei wenjen set, slacht by nammen op de posysje fan it Frysk, dy't efterüt giet. De ütwreiding fan Roardhüzum hwermei üt ein set wurde kin, binne wy bliid. Bij gelegenheid is der foar pleite Warten as in seisstannich doarp to forheffen. Fait hjiroer noch hwat to sizzen yn't ramt fan ütwreidzjen? It wachtsjen is ek noch op in biliedsütslütsel om de lytse kearnen yn üs gemeente de bou fan in biheind tal wenten mooglik to meitsjen. Oer "Why?" wurdt yn de memoarje fan andert al it ien en oar sein oer it hisfestingsprobleem. Foar Warten der't it yn wêzen like slim hinne leit, is derfoar ek in alternatyf Moat foar de kommende jierren ek rekken holden wurde mei in "welzijns- plan"?. Ik tink hjirby oan datjinge as soe fanüt C.R.M. it kultureel en jongereinwurk har foar desintralisaesje liene. In eigen bilied fait somtiden amper mear to ünderskieden as it giet op it mêd fan de romtlike oardening. Nota's en biliedsplannen fan hegerhan, binammen op it bütengebied wurkje dit yn'e han.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1977 | | pagina 57