En foarsitter, ik bin tige bliid, dat myn partij d'r noch bij is, hwant d'r is noch wurk genoch Sa tink ik bijgelyks oan de Fryske tael. Yn it öfroune jier hat it tuskenrapport "Frysk yn it offisiële forkear" in punt fan bisprek foarme yn de Provinsiale Steaten en yn de gemeenterieden fan Fryslan. It praet d'r oer wie yn de measte gefallen tige besteklik en posityf. It oannimmen fan it "Tuskenrapport" troch de Fryske Steaten kin as in historysk barren sjoen wurde. It is fansels prachtig as men op it Provinsjehüs en op it Gemeentehüs yn de eigen tael to wurd stien wurdt, sawol mounling as schriftelik. Mar as dit it allinnich is, dan binne wij nog fier fan hüs. It kin de amtners ommers troch it gemeentebistjür oplein wurde, mar dêr komme wij net fier mei. Dizze minsken moatte it seis ek ynsjen, dat dit in gewoane situaesje is. It fak "Frysk" op de bistjürsskoalle iepent de mooglikheit it Frysk to bihearskjen, mar dan moat de mentaliteit ek oanwêzich wêze. As bistjürder yn wettersportrounten krij ik de léste tiid gauris to meitsjen mei de fraech: "It foar en tsjin fan it ynfieren fan in farbiwiis". D'r wurdt dan frege, of't it ynfieren fan sa'n biwiis de feilichheit op it wetter to goede komme sil. Myn andert is: "Dat is tige de fraech". Fansels d'r binne rigels en de boatsjeman as -frou moat hjirfan op 'e hichte wêze, mar hja moatte d'r ek nei libje wolle. De Dütskers ha bygelyk sa'n biwiis nedich, mar as Jo de kranten ljiuwe meije, dan barre de measte üngelokken mei de minsken üt de "Heimat". Mei dizze forgeliking wol ik allinnich mar sizze:"Is de wil net oanwêzich, dan kin men fan alles ynfiere, mar dan wurdt it dochs neat". En yn dizze romte sitte wol minsken, dy't it net nedich foun ha it Frysk te sprekken. Hja kinne it wol forstean en ek wol léze, mar prate is d'r net bij. Ik miende, dat wij de léste tiid hwat foarüt gongen, mar as men dan heart, dat de krante "Oastergo" gjin bisteansrjocht hat om't it in Fryske krante is, dan slacht de skrik jin dochs wer om it hert. Mar oer it Frysk hjir yn 'e gemeente sille wij yn 1979 nochris te set. Foarsitter, it liket ailegearre hwat negatyf en dat is it ek wol, mar tige wurdearje ik de Fryske adfortinsjesdy't de léste moannen yn 'e krante stien ha, as d'r personiel frege waerd. Yn it Frysk en dochs noch in protte gadingmakkers Fan 'e moarn hat de Rie bisletten de gasprizen te forheegjen. Fan myn kant is hjir gjin beswier tsjin. Dochs freegje ik mij wolris of, foarsitter, hwat wurde wij hjir eins better fan. En dan tink ik net oan it potsje fan it gasbidriuw, mar oan it gefolch foar üs provinsje. Op de tillefysje sjogge Jo dan de oaljesheiks fan de Arabyske lannen bijelkoar om te praten oer de oaljepriis. Dit bringt. dy lannen noch al hwat jild yn it laetsje. Hoe't men it besteget is in oar punt. Nou libje wij ek op sa'n rykdom, it gas. Dizze rykdom haldt de ekonomy fan üs lan noch in bytsje draeijende. Wij ha safolle gas, dat it seis ütfierd wurde kin. Dat wij üt in oar lan gas ynfiere, giet mij hwat boppe de pet. Mar goed, it gas wurdt hjir ünder üs weihelle en wij rinne seis gefaer, dat yn 'e takomst de groun ek hwat sakket. Nou is dit léste gjin biswier, hwant dan triuwt men, ik bedoel it regear, wol hwat öffal yn 'e groun, sa as bijgelyks radio-aktive stoffen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1978 | | pagina 33