Is it net sa, dat men bij in bigreatings*behandeling de ynkomsten én ütjeften foar it komraende jier fêstleit?] En is it net wat wünderlik om nou de unkcmsten fêst te lizzen en dan yn 1980 de ütjeften nochris in kear? Bcppedat wiene dizze punten, dyt saneamd de oanlieding binne ta dit foarstel, by it opstellen fan'e biskriuwingsbrief net bekend? Né, wy kinne net mei sa'n badinerend foarstel ynstimme, dy't de hiele beslütfoarming yn'e rie op'e tocht set. Wol fine wy, dat de saken oanjün yn fraech 22 fan'e le ofdieling goedütsocht wurde moatte, om dan yn'e rin fan 1980 mei dy gegevens de mearjierrenraming bystelle to kinnen. Forline wike stie der in stikje yn'e krante oer it ütstellen fan'e forpleatsing fan Halbertsma. Hoe tinkt it kolleezje op dizze üntjowing yn to spyljen en kin dit foar 1980 al financiële konsekwinsjes hawwe? Bliid binne wy mei it feit, dat der wer sosiale wenningbou yn Grou en Wergea mooglik is en dat der ynkoarten wer yn Warten boud wurde kin. Want wy ferwachtsje seker, dat it. kolleezje der alles oan dwaen sil om de grün sa gau as't mar kin bouryp meitsje to litten. Sa kinne direkt nei de winter de dyken al oanlein wurde. Yn Grou kin in begjin makke wurde mei de rehabilitatieplannen. It hjirby belüken fan'e bewenners dy't dit oanbelanget is fan it grutste belang. Der kin noch gjin begjin makke wurde mei de bou fan'e rioelwetter- süveringsynstallaasje en dat is tige spitich. Hopelik sil mei it oanwizen fan it plak sa't boargemaster en wethalders foarstelle der wat mear skot yn'e saak komme. Alteast ferwachtsje wy, dat hjir fan gemeenteside alles oan dien wurdt, wat der mar oan dien wurde kin. (Faaks kin der bemiddele wurde tusken de provinsiale bestjoerders en har amtners) Wat wol begun is, is de bou fan it nije bejaardentehüsNei de perioade dat dit swier lei, binne wy der tige mei ynnommen dat dizze fersjenning al ein 1980 ré wêze kin. Tagelyk komt Friesmahiem leech. It wurdt dan ek heech tiid, dat de takomstige bestimming fan dit gebou oan'e oarder steld wurdt. De tredde jachthayenkolk sjogge wy der yn 1980 noch net kommen. Mar der sil wol oan'e plannen wurke wurde moatte, om yn'e takomst teminsten in pear boatsjes in alternatief lisplak oanbiede to kinnen. Wy binne foar it ynstellen fan in kommisje oangeande it wolwézenwurk Wy t.inke hjirby oan in, troch boargemaster en wethalders ynstelde, breed gearstalde kommisje, dy't alfêst wurkje kin oan'e plannen sa't dy oer ien of twa jier fan'e gemeente ferwachte wurde. Wol moat hjirby düdlik wêze, dat hjir-foar de eerste jierren gjin jild beskikber komme sil. Forline jier hawwe wy foarsteld 3.000,foar üntwikkelingswurk foar folwüksenen beskikber to stellen. It hat bliken dien, dat dit wol needsaaklik wie. Gm mear oanfrager. fan dit goede wurk beleanje to kinnen, fine wy it dan ek needsaaklik dit jier 5.000,foar dit wurk üt to lüken. Tige bliid binne wy mei de raooglikheid,om yn Grou it sosiaal kulturele wurk in ünderdak to bieden. Mei it foarstel fan dizze .kombinaasje op dit plak, hawwe wy de mooglikheid in probleem wat der al jierren leit en oars ek noch jierren lizze sil, op to lossen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1979 | | pagina 75