Is it net sa, dat men bij in bigreatings*behandeling de ynkomsten
én ütjeften foar it komraende jier fêstleit?]
En is it net wat wünderlik om nou de unkcmsten fêst te lizzen en
dan yn 1980 de ütjeften nochris in kear?
Bcppedat wiene dizze punten, dyt saneamd de oanlieding binne ta
dit foarstel, by it opstellen fan'e biskriuwingsbrief net bekend?
Né, wy kinne net mei sa'n badinerend foarstel ynstimme, dy't de
hiele beslütfoarming yn'e rie op'e tocht set. Wol fine wy, dat de saken
oanjün yn fraech 22 fan'e le ofdieling goedütsocht wurde moatte, om dan
yn'e rin fan 1980 mei dy gegevens de mearjierrenraming bystelle to kinnen.
Forline wike stie der in stikje yn'e krante oer it ütstellen fan'e
forpleatsing fan Halbertsma. Hoe tinkt it kolleezje op dizze üntjowing yn
to spyljen en kin dit foar 1980 al financiële konsekwinsjes hawwe?
Bliid binne wy mei it feit, dat der wer sosiale wenningbou yn Grou
en Wergea mooglik is en dat der ynkoarten wer yn Warten boud wurde kin.
Want wy ferwachtsje seker, dat it. kolleezje der alles oan dwaen sil om
de grün sa gau as't mar kin bouryp meitsje to litten. Sa kinne direkt
nei de winter de dyken al oanlein wurde.
Yn Grou kin in begjin makke wurde mei de rehabilitatieplannen. It
hjirby belüken fan'e bewenners dy't dit oanbelanget is fan it grutste
belang.
Der kin noch gjin begjin makke wurde mei de bou fan'e rioelwetter-
süveringsynstallaasje en dat is tige spitich. Hopelik sil mei it oanwizen
fan it plak sa't boargemaster en wethalders foarstelle der wat mear skot
yn'e saak komme. Alteast ferwachtsje wy, dat hjir fan gemeenteside alles
oan dien wurdt, wat der mar oan dien wurde kin. (Faaks kin der bemiddele
wurde tusken de provinsiale bestjoerders en har amtners)
Wat wol begun is, is de bou fan it nije bejaardentehüsNei de
perioade dat dit swier lei, binne wy der tige mei ynnommen dat dizze
fersjenning al ein 1980 ré wêze kin.
Tagelyk komt Friesmahiem leech. It wurdt dan ek heech tiid, dat de
takomstige bestimming fan dit gebou oan'e oarder steld wurdt.
De tredde jachthayenkolk sjogge wy der yn 1980 noch net kommen.
Mar der sil wol oan'e plannen wurke wurde moatte, om yn'e takomst
teminsten in pear boatsjes in alternatief lisplak oanbiede to kinnen.
Wy binne foar it ynstellen fan in kommisje oangeande it wolwézenwurk
Wy t.inke hjirby oan in, troch boargemaster en wethalders ynstelde, breed
gearstalde kommisje, dy't alfêst wurkje kin oan'e plannen sa't dy oer
ien of twa jier fan'e gemeente ferwachte wurde. Wol moat hjirby düdlik wêze,
dat hjir-foar de eerste jierren gjin jild beskikber komme sil.
Forline jier hawwe wy foarsteld 3.000,foar üntwikkelingswurk foar
folwüksenen beskikber to stellen.
It hat bliken dien, dat dit wol needsaaklik wie. Gm mear oanfrager. fan
dit goede wurk beleanje to kinnen, fine wy it dan ek needsaaklik dit jier
5.000,foar dit wurk üt to lüken.
Tige bliid binne wy mei de raooglikheid,om yn Grou it sosiaal
kulturele wurk in ünderdak to bieden. Mei it foarstel fan dizze .kombinaasje
op dit plak, hawwe wy de mooglikheid in probleem wat der al jierren leit
en oars ek noch jierren lizze sil, op to lossen.