-13- De heer van dar Goot; namens de Frysk Mas.joiale Partij (F.N.P.): Menear de foarsitter, refrou Holtrop, femylje, oanwêzigen Hjoed, 15 novimber 1979 binne Jc ynstallearre as boargemaster fan de tige Fryske gemeente IdaerderadielIt is dêrom, dat ik do ek yn de eigen tael fan dizze streek tasprek. Ik freegje dan ek net, oft d'r immen yn 'e seal is, dy't hjir mes kien hwat swierrichheden nei hat, hwant dan is it anaert en hjoed tige bigryplik wol bikend. Jo, bosrge- master, kinne it Frysk tige skoan forstean en ik nim oan mei in pear moanne ek wol prate. Jo soene dan tige gunstig öfstekke tsji'n in fiks oarital Friezen en net-Friezen, dy't it Frysk net prate wol 1 e of gjin war dwaen wolle it to iearen. Jou foaroonger hat it naa sa fier skopt en ek de Kommissaris fan de Keninginne yn üs provinsje moat neat fan dizze tael ha. Men moat ek oannimme, dat hij de Friezen net foar fol oarisjocht, hwant hij hellet de iene boargemaster nei de oare üt de omkriten fan Den Haech. Dit is net. in forwyt oan Jo, foarsitter, mar it docht tinken as soene d'r yn Fryslan gjin geskikte kandidaten foar dit amt wêze. f-oarsitter, it soe prachtig v/êze as Sint Piter, hwant Jo sille witte, dat de Grouster bern net op 5 desimber de skoech opsette, mar op 21 febrewaris, as Sint Piter nei sawntjin jier ek ris wer yn it Frysk wolkom hjitten wurdt. Nou bigryp seis ik, dat dit foar de oankomst fan dizze Hill ine yn 1980 meskien tofolle frege is, mar hopelik dochs vn 1931. Ek in tige Frysk barren is it Skutsjesileri yn de simmerfekansje. Elts jier bigjint dizze rige wedstriden yn Grou en it is dan wenst, dat de boargemaster de skippers "olkom iijit en sukses tawinsket. Bij dizze gelegenheid ha Jo in moaije kans. Nei Jou bineaming ta boargemaster fan dizze gemeente, hat d'r in stikje mei seis in foto fan Jou hüshalding yn 'e Ljouwerter Krante stien. Jo wiene doe tige earlik mei to sizzen, dat Jo graech boargemaster wurde woene, mar dat^de gemeente, hwerfan Jo it v/aerden, net sa wichtig wie. Nou't it Idaerde radiel wurden is, hoopje ik, dat Jo meikoarten je hjir folslein thusfiele sille en dan ek sizze sille, dat Jo it nea better treffe kinnen hiene. Dit is in butengewoane gemeente mei in protte facetten. Sa is d'r in goeije yndustry, in béste midden- en boerestan en in geweidich rekreaesjegebiet. De gemeente hat prachtige doarpen mei seis it midden fan de ierde yn Eagum. Boargemaster, hwêr fine Jo soks? Nou is it ek wer net sa, dat hjir foar Jo as boargemaster neat mear to forstriken is. D'r moat noch wol hwat dien wurda. Ik tink bijgelyks oan de forpleatsing fan it bidriuw Halbertsma üt de buorren fan Grou en de fierdere üntjowinn fan dit doarp, de dyk nei Wergea en neam mar o~>, Ik leau dan ek net, dat Jo je hjir forfele hoege. Mar foarsitter, Jo sille ek noch wol ris oer de grins gean om de bi langen fan us gemeente yn Jou foarich wenplak to bipleitsjen of om Jou femylje op te sykjen. As Jo dan werom kommekin it oan de Fryske grins noch wel ris hwat swierrichheden jaen en dêrom wol ik Jo en Jou frou graech in paspoart foar Fryslan oanbiede. Neat sil Jou dan yn 'e wei stean wer nei Grou to kommen. Ek om üs provinsje better kennen to learen kinnen Jo hjir Jou foardiel mei dwaen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1979 | | pagina 30