De hear Van der Goot (FNP) seit it folgjende: "Foarsitter It is sahwat it ein fan't jier en dus tiid foar algemiene skógings. Ik ha yn't bistan stien en sjoch dêr dit jier ris fan óf, mar salang dizze tradysje hjir noch is, wol ik dochs mar meidwaen. As ienmansfraksje is it tsjintwurdich net sa ienfaldich om as riedslid folslein to funksjenearjen. It hat meskien nea maklik west om it allinnich dwaen to moatten, mar ik bin wol fan bitinken, dat d'r de léste tiid in protte op je öfkomt. D'r is in knoarre oan'e oarder en dat is in goeije saek. Mar d'r binne ek gans dingen by, dy't net sa maklik to trochsjen binne. Yngewikkelde saken mei faeks heapen papier. En dan noch faek skreaun yn in styl, dy't foar in ienfaldich riedslid ekstra ynspanning en tiid freegje om it to bigripen. En wy binne en bliuwe amateurs. In riedslid moat mei beslute oer saken, dy't er net altiten fol slein bigripe kin. It Kolleezje jowt in protte ynformaesje yn'e of- dielings, mar it sil jo düdlik wêze, dat je al dizze ynformaesje net altiten forwurkje kinne. It is jo ek bikend, dat ik wol gauris spyt ha, dat ik in pear jier lyn sa graech yn twa ófdielings in sit ha woe. Jo witte, foarsitter, dat ik it ünderwiis de rêch takeare sil en straks as provinsjael amtner yn tsjinst kom fan "De Marrekrite". Sa'n nije baen sil ynearsten folie mear fan my freegje en dus bliuwt d'r foar saken nei je wurk minder tiid oer. Dêrom kinne jo fan my ynkoarten ek it forsvk forwachtsje de earste en de twadde ófdieling yn to ruiljen tsjin de tredde om't dêr de rékreaesje ynslt. Ik hoopje, dat de Rie dan net to slim dwaen sil oer it tal minsken yn eltse ófdieling. Sa'k al sei, fait it net ta alle ynformaesje, dy't ik krij to forwurkjen en alle stikken en rapporten, hwerfan sommige bytiden tige tsjok, troch to wrakseljen. It sil jo dan ek düdlik wêze, dat ik ut alles, hwat oanbean wurdt, in kar meitsje moat. En dan sille jo oan- nimme meije, dat in riedslid, allinnich al troch it feit, dat sy of hy har of him eartiids biskikber steld hat foar dizze funksje, fansels- sprekkend al mear as it greatste part fan'e bifolking by de gemeente- polityk bilutsen fielt. Is it dan in wünder, dat bygelyks mar in lyts part fan'e bifolking fan Idaerderadiel war dien hat de struktuerskets Grou troch te nimmen, lit stean d'r op to réagearjen. Dochs binne it net allinnich de riedsstikken, hwer't de boarger syn ynformaesje üt helje kin, hwant dit Kolleezje publisearret de léste tiid ek gauris frijhwat nijs fan it gemeentehüs yn'e krante. D'r wurdt yn elts gefal bisocht de bifolking d'r by to bilüken. Yn'e ófdieling ha ik hjir ek al in kompliment foar jown en wol dat hjir graech nochris herhelje. Dêr njonken is it ek wel nijsgjirrich to witten hoefolie abonne- minten op'e .riedsstikken d'r ts jintwurdich binne. De tiid, ïweryn wy libje, is hwat yn it delgean. De rjemme is d'r hwat óf, wy moat'c.®. ynleverje, wy moatte in stap tobek. Dat binne de kreten, dy't wy de i^ste tiid hearre.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 11