- 5 - D'r binne in protte minsken sünder wurk en it libben wurdt hiel- titen djürder. Dingen, dy't men eltse dei nedich hat fleane omheech. Tink oan de forgeging fan it ierdgas fanwegen de koppeling oan de oalje üt bygelyks Koeweit. Ik haw it al earder sein, dizze politike set is en bliuwt foar my tsjuster. En jo sille it mei my iens wêze, dat it foar de bifolking fan it Noarden fan it lan slim üt to lizzen is, dat itjinge, dat ünder jo eigen tüntsje weihelle wurdt, like djür wêze moat as datjinge, dat üt Koeweit ynfierd wurde moat. Lokkich kin mei de winst üt it gaspotsje noch wer hwat dien wurde foar de mienskip en ek it potsje, hwat wy okkerdeis ynsteld ha om dêrüt to bisykjen it gasforbrük yn de gemeentelijke gebouwen hwat bihindiger to meitsjen, is in goed foar- nimmen. Mar om in bipaelde wize fan libjen tobek to setten fait net ta. Ek foar in gemeente net. Minder finansjele earmslach sil bitsjutte moatte, dat ek op gemeentelik mêd in stapke tobek dien wurdt. It jild kin mar ien kear ütjown wurde en yn't bisünder mei mienskipsjild moat men tige hoeden omspringe. Seis bin ik op in pear konkrete punten yn it léste skoft nochal fül west jild to bisparjen. Hwat in riedslid minder oersjen kin, is it jild, dat bistege wurdt oan de bistemmingsplannen. As men dan it bistemmingsplan bütegebied nimt, dan tink ik wolrisdat men in protte jild fortsjinje kin mei it oer- skriuwen fan parten üt bisteande boekwurken en rapporten. As sa'n buro dan ek noch datjinge nimt, hwerfan men witte kin, dat de mearheit fan de Rie it Sfkarre sil, dan freegje ik my wolris 6f: Bart dit mei opset- sin om in protte üren skriuwe to kinnen. Ik hoopje dan ek, dat it Kolleezje, sa as hja seis ek al sizze, sa folie mooglik de finger oan de pols halde sil. D'r binne op it eagenblik in protte saken yn'e moune. It iene sil earder ta in ütdragen saek komme as it oare. Ik tink oan de for- pleatsing fan Stork-Bepak en it ta wengebiet meitsjen fan it tsjint- wurdige terrein fan it izerfebryk, it oerliz mei Halbertsma oer de oankeap fan de kantine en it aid gemeentehüs en de bistimming dêrfoar, de oankeap en bistimming fan it terrein by it aid büterfebryk, de tredde jachthavenkolk, de ütwreiding fan forskate doarpen, in oplossing sykje foar de oerlêst, dy't it transportbidriuw Van der Wal yn in part fan Wergea jowt, bistimming fan it aide Friesmahiem, oerliz mei de wenningbouforiening oer it tawizen fan'r hierwenten ensfh. Ik hoopje, dat ynkoarten foar de jeugdherberg yn Grou in oplos sing foun wurdt. Forkearsproblemen yn'e kom fan Grou en bynammen yn it Easterfjild moatte foar takom simmer in foar alle partijen sa'n goed mooglike oplossing krije. It is spitich, mar de oerlêst, dy't biwenners fan bipaelde strjitte no noch ha, sille hja noch in pear moanne foar leaf nimme moatte. Dochs forstjinnet it Kolleezje mei help fan it amtlik apparaet in kompliment foar alles, hwat hja dit jier yn biweging setten ha en foar alles, hwêr't hja de gong yn holden ha. Fansels krityk bliuwt en yn bipaelde gefallen wol men wol hurder, mar men moat ek net it ünmooglike easkje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 13