- 6 - En dan sille jo, foarsitter, fan my meskien ek noch hwat hearre wolle oer it Frysk. Jo binne no in goed jier boargemaster fan dizze gemeente en jo ha eltsenien foar jo ynnommen mei de wize, hwêrop jo it Frysk tomjitte stapt binne. In foarbyld foar in bulte minsken. Dizze positive opstelling en ek mei troch it wurk fan de gemeentesiktaris hat dit syn ütwurking op it gemeentehüs en aêrbüten net mist. Noch nea ha safolle amtners op Fryske les west en dit docht my it béste hoopjen foar de takomst. Foarsitter, allegearre tige tank foar de stipe, dy't ik hawn ha, noflike feestdagen aenst en mei faesje it nije jier yn". As léste sprekker de hear Bouma üt namme fan de fraksje fan de P.v.d.A. Foarsitter, It kin hast net oars, as wy geane in goed jier temjitte. Want wy geane mei in posityf minsbyld en in selde libbenshalding op nei de ta- komst. Mar wat is de takomst? De takomst is no. Ferline jier klonken der sombere gelüden op efter de kolleezje-tafel wei. No, yn'e takomst fan ferline jier, is der in soad jild ferdield üt it oerskot fan 1980. No, yn'e takomst fan twa jier lyn, is der in enerzjyfüns foarme üt it oerskot fan 1979. Wy binne realist genöch (en wurde it net sa as sommige oaren pas yn 1981) om te betinken dat dit losse, soms yn'e begrutting ynbakte, meifallers binne en gjin strukturele posten. Mar it set de takomst fan doe wol yn in oar ljocht, as sommigen üs de takomst foarspegelje woene. Foarsitter, sa't ik al earder sei: wy geane in goed jier temjitte. Want lit üs net meidwaan oan it saneamde "doemdenken"al hoe hurd dit regear ek besiket üs dit oan te praten. Dit "doemdenken" wat der allinne mar ta liede kin dat eltsenien berêst. en net mear fan't stékomt, om de maatskippijwêr nedich te feroarjen, oftewol eltsenien foarhalde wol dat it net oars kin as dit regear no docht. Ien fan'e faktoren wêrom wy de takomst dan ek mei goede ferwachtings op üs óf kommen sjogge is it feit, dat wy oer in pear moanne ferlost wurde fan it kabinet Van Agt/Wiegel. Dit kabinet wat dan einliks ris in kear fia demokratyske spul- rigels, nl. de ferkiezings, ferdwynt. Einliks, want hoe lang docht al net bliken dat de stipe fan de mearderheid fan it folk weifallen is en hoe faak hat al wol net bliken dien, dat de feitlike mearderheid yn'e Twadde Keamer der net mear is? It wiene allinne de regeardrift fan de WD en de fraksje "discipline" fan it CDA dy't der foar soarge ha, dat dy ploech der no noch sit. Dus soepele ethyske geastlike kunstemakkers en üteraard de kapi- talistyske machthawwers wiene de basis fan dit kabinet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 15