- 7 - Ek foar de gemeenten kin it allinne mar better wurde as hja ferlost wurde fan ait kabinet, dat: -oangeande it maatskiplik wurk sokke "ad hoc" beslissingen nimt, dat net ien mear wit wêr't men oan ta is. -noarmen fan it gemeentefüns winicht, dy't no wol foar dizze gemeente jild opsmite, mar ferdjerlik binne foar oaren en hoe giet dat op'e lange dür by üs? - en dat is it toppunt: desintralisaasje brükt as besünigingsmiddel. Neist dit foarütsicht is der noch mear wat üs hoopfol makket: 1981 sil yn Idaarderadiel bekend stean as it jier fan'e rispinge. Ommers 1980 neamt it kolleezje it jier fan it siedzjen. En yn'e regel kin men al nei in jier rispe wat men dat jier dêrfoar siede hat. Lit üs dêrom mar ris in pear saken opnimme dy't un 1981 rispe wurde kinne: -Yn't foarste plak ferwachtsje wy dat der net wer in soad jild ferlern giet, om't der gjin plannen foar rehabilitaasje ree binne. Op hokfoar wize hat eltse potensjele "rehabilateur" no al foar- ljochting krige oer de mooglikheden dy't der lizze en wat wurd der yn diszen fierder noch ündernommen? Want krekt omdat de meiwurking fan de bewenners wêzentlik is, moatte hja goed foarljochte wurde. -Dan is dêr it ünderwiis. It liket üs in goede saak, dat it kolleezje harren wurkprogram oer dit punt ris goed neilêst. Der is gjin inkelde twifel mear oer de needzaak fan in planmatich ünderwiisbelied, dat binnen de pleatslike situaasje foarm jaan moat oan da ütgongspuntenDizze ütgongspunten binne needsaaklik om winsken üt it ünderwiis hifkje te kinnen. Der wurde seis al inkele ütgongspunten oanjün, dêr't dit belied oan foldwaan moat. It wachtsjen is no allinne noch op it diedwurklik opstel len fan it beliedsplan. Dit sil üteraard yn wikselwurking mei it ünder- wiisfjild barre moatte. Wannear kinne wy de earste planopset ferwachtsje? Wat ü.o. yn sa'n plan ütsprutsen wurde kin, is it stribjen nei in sa breed mooglike ünderwiisfersjenning yn'e gemeente. Dit hat ek mei it fuortset ünderwiis te meitsjen. Wy hawwe no noch in Mavo. Yn'e ófdieling ha ik frege of it kolleezje en it team fan'e Mavo ek tinkt oan it ferbreedzjen fan it ünderwiisoan- bod oan dizze no noch kategorale Mavo. Derby kin men tinke oan it mei- dwaan oan it Mavo-projektmar ek oan eksperiminten yn it kader fan'e Middenskoalle. It andert fan it kolleezje is formeel just. Mei namme oangeande "objectieve getalsnormen" dy't brükt wurde om in nije skoalle foar byg. LBO te stichtsjen.Mar der is ek in eksperimintenwet, wêryn getalsnoarmen net in hurd gegeven binne. Wol men mei dizze Mavo in be paalde kant üt en wol men dêrta eksperimentearje, dan kin in oanfraach op grün fan dizze wet altyd yntsjinne wurde. Allinne sil dan sa'n eksperimint wol fundearre wurde moatte op in gemeentelik ünderwiisbe- liedsplan. -In oar punt, dat yn 1981 düdlik öfroune wurde kin, is de al fiersten te lang slepende kwetsje fan de hüsfesting fan it sosiaal kultureel wurk yn Grou.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 17