GEMEENTE (DAARDERADEEJ. GROUW Nu. 50. 16. Wiziging yn de gearstalling fan de ofdiolings fan de ried mei de der üt fuortkommende feroaring fan it Reglemint fan Oarder foar de gear- komsten fan de ried. Oan de gemeenteried Grou, 9 jannewaris 1981. Yn in by de stikken op besjen lizzend skriuwen freget it riedslid de hear Van der Goot, om syn sit yn'e earste en twadde ofdieling fan'e ried ynruilje te meien tsjin in sit yn'e tréde Of dieling. Sa't jim witte wurde, neffens kêst 51 fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan'e ried, de ofdielingen troch de ried seis gearstald. As wy jimme in suggestje jaan meie, dan soe de fakatuere yn'e earste ofdeling beset wurde kinne troch de hear Knossen, dy't as fraksjefoarsitter dochs al in protte gearkomsten fan dizze ofdieling bywennet De sit fan de hear Van der Goot yn'e twadde ofdieling soe yn- nommen wurde kinne troch mefr.Faber. Lêstneamd riedslid is tige ynteres- searre yn it wolwêzen, jeugd- en jongeresaken en miljeusaken. Dizze portefeuilles binne by de twadde ofdieling ünderbrochtMefrou Faber kriget dan sawol in sit yn de twadde as de trede ofdieling. De trede ofdieling wurdt dan ütwreide mei in sit foar de hear Van der Goot en komt dan ek, lyk as de earste ofdieling, op fiif leden. Nei üs miening hoecht hjir gjin beswier tsjin te bestean. It betsjut wol, dat it twadde lid fan kist 51 fan it Reglemint fan Oarder oanpast wurde moat. De redaksje hjir fan soe dan feroare wurde moatte yn: "De afdelingen bestaan, behalve uit de voorzitter, elk uit minimaal vier leden, die allen door de raad uit zijn midden worden benoemd" Wy stelle jimme üt dêrta in beslüt te nimmen. Boargemaster en wethalders fan Idaarderadiel, B.G. Holtrop, boargemaster. P.H. Starreveld, siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 183