20 jannewaris 1931
GEMEENTE IDAARDERADEEL
GROüW
13. ütstel oangeande it jaan fan Fryske
nammen oan wetters en geaën -en -oan
de doarpen yn de gemeente.
Nü. 99
Oan de gemeenteried
Grou, 12 jannewaris 1931.
Yn de riedsgearkomste fan 16 jannewaris 1979 is nei oanlieding
fan it "Tuskenrapport Frysk yn it Offisiële ferkear" fan de Kommisje
mei deselde namme under oaren besluten in list te meitsjen fan nam-
raen fan wetters en geaën yn de gemeente, sa't dy fan aids troch de
eigen befolking brukt waarden en wurdeen dy list ta te stjoeren
oan de Topografyske tsjinst mei it fersyk dizze nammen te brüken by
de tarieding fan in nije ütjefte fan de topografyske kaart, dêr't
us gebied op foarkomt. De Nammejouwingskoramisje fan de Fryske
Akademy hat yn 1979 sa'n list makke.
De list fan de Fryske Akademy is neirün troch in Kommisje üt de
ried, bosteande ut de leden Schermer, De Wolf en Van der Goot. Hei
help fan oaren hat dizze Kommisje de list oanpast. Ek hat de ICommis-
je noch in list gearsteld mei de nammen fan boerepleatsen yn de ge
meente en in kaart fan de gemeente makke mei alle, Fryske, nammen
ut beide listen derop oanjun.
De Kommisje hat us Kolleezje de listen en de kaart oanbean by
brief fan 4 jannewaris 1981. Yn dat brief fersiket de Kommisje üs
de nammen oan de Topografyske Tsjinst ta te stjoeren,sadat hja der
in kar ut dwaan kinne. Foar 1 febrewaris 1931 soene de listen fer
st joerd wurde moatte, omdat wy oars te let wêze soene. It brief fan
de Kommisje liet foar jimme by de riedsstikken op besjen.
Wy hiene it oan us rjochte brief wol ofdwaan en de Topografyske
Tsjinst de Fryske nammen tastjoerö kinnen, want wy binne it mei
listen iens.
Wy hawwc dat lykwols om trije redenen noch net dien:
1. Nammen fan wetters, geaën, pleatsen ensfh. binne, wannear't se
fêststeld binne troch de ried, nei us betinken mear "offisiëel"
en it is minder maklik se net te brüken as yn it gefal us Kol
leezje se fêststeld en trochstjoerd hie.
2. Sjoen de tekst fan it betreffende ütstel fan it riedslid, de hear
J. van der Goot, yn de riedsgearkomste fan 16 jannewaris 1979
("Nei it goedkarren fan dizze nammen troch de Rie, wurde dizze ek
tastjurd oan de bilutsen ynstansjes")leit it fêststellen fan de
nammen troch de ried mear yn'e reden as it fêststellen troch it
Kolleezje.
ft&jkk-Mnmen punt f«ar cl© g«a.u!coract© f-au» UI» ri»cl 2a&