- 2 - /1981 Yn in brief fan 4 jannewari^/stelle de riedsleden van der Goot, de Wolf en Terpstra op grun fan kêst 21lid 2 fan it Regleraint fan Oarder üt ek de nammen fan de doarpen yn de gemeente yn de Fryske taal op de topografyske kaart sette te litten. Om boppeneamde redenen liket it us better ta, dat de ried yn ien kear in bislüt nimt oer it fêststellen fan alle nammen, net alline fan de doarpen, mar ek fan de geaën, wetters en pleatsen. As wy dan no takomme oan it utstel fan boppeneamde trije rieds leden -it brief leit by de riedsstikken op besjen- dan wolle wy der yn't foarste plak fan sizze, dat it utstel us nei oan't hert leit en dat wy der graach ja op sizze soene. Lykwols v;olle wy hjiroer de folgjende opmerkings meitsje. It opnimmen fan Fryske plaknammen op de kaarten fan de Topografyske Tsjinst ferwachtsje wy net folle fan. It hat neffens us in bytsje sin om it te freegjen, want oars as by de nammen fan geaën en wetters kin de Topografyske Tsjinst der har op beroppe, dat hja de offisiële, yn dit gefal ientalich nederlanske, nammen kieze moat. De oplossing leit foar de han. De ried soe ientalich fryske plak nammen fêststelle kinne, dêr't eltsenien, dus ek de Topografyske Tsjinst him oan te halden hat. Mar ek dan is der kans dat it in tizeboel wurdt as dizze Tsjinst bygelyks wol de (ferplichte) fryske plaknammen, mar net de (net fer- plichte) fryske nammen fan geaën ensfh. oernimme soe. Oer it eventueel feroarjen fan de nammen fan de doarpen hat de ried op 16 jannewaris 1979 al in besliit nommen. It beslut wie doe: ofsjen fan wiziging fan de nammen fan de gemeente of de doarpen; it foech dêrta moat wol by de gemeenten bliuwe. It riedsütstel jout dudlik de oerwegings wêrom op dat stuit' net keazen waard foar it fer oarjen fan de plaknammen. "De namen van de dorpen wortelen reeds vele jaren in de historie en een te lichtvaardige wijziging daarvan dient dan ook te worden ver meden. Maar afgezien hiervan wegen de gevolgen, die aan een eventuele naamsverandering zijn verbonden, wel erg zwaar. Wij wijgen hierbij op de noodzaak van wijziging van een veelheid van wetten, algemene maatregelen van bestuur, verordeningen en besluiten, waarin de naam van de gemeente of de dorpen voorkomt, op de conse quenties voor de administraties van openbare registers (handelsre gister, kadaster, kiesregister e.d.), op de adresbestanden van bij voorbeeld de P.T.T.-diensten, girodienst, telefoondienst, kranten tijdschriften, bankinstellingen enz. Verder mag niet onvermeld blijven het kostenaspect van de bewegwij zering, die van de wijziging van plaatsnaamaanduidingen, loketop schriften, plaatskaartenautomaten van de N.S., en die van wijziging van dienstregelingen van het openbaar vervoer." In tal fan boppeneamde beswieren binnen wol oer te kommen. Oaren gripe nei us betinken djip yn. It tuskenrapport Frysk yn it Offisiële Ferlear sjocht de beswieren ek wol. Yn in taheakke oan it rapport binne de konklüzjes fan de wurkgroep ientalige plak- en gemeentenammen fer- wurde. De leste konklüzje (10) is:

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 187