- 3 - "Eventuele eentalige Friese plaats- en gemeentenamen zullen planmatig moeten worden ingevoerd. Verschillende mogelijkheden zijn denkbaar (tijdelijke tweetaligheid; regionale invoering; invoering op termijn) De werkgroep geeft de voorkeur aan een invoering op termijn. Planmatig handelen vereist veel overleg. Misschien kan de provincie dit over leg op gang brengen." /nochris Foar't wy op lêstneamde konklüzje fierder geane, wolle wy/fêststelle dat wy de beswieren tsjin it ynfieren fan ientalich Fryske plak- nammen op dit stuit te grut fine om der no hoe graach wy dat op himsels ek wolle, it beslut ta te nimmen.De konsekwinsjes, benammen finansieel, moatte earst better undersocht wurde. Wy binne ek fan be- tinken, dat Fryske ientalige plaknammen (en gemeentenammen) yn Fryslan troch mooglik gemeenten tagelyk ynfierd wurde moatte. Wy wolle der nei stribje dat it troch niisneamde wurkgroep advi- searre oerlis sa gau mooglik op gong komt. Yn dit ferban is fan belang, dat Deputearre Steaten fan Fryslan koartlyn in technyske wurkgroep ynstelö hawwedy't as taak krigen hat om nei te gean wat de prose- durele, organisatoryske en finansiële gefolgen binne fan in eventuele ynfiering fan ientalich Fryske nammen. De wurkgroep sil in proseduere- utsel opstelle en dêrfan de finansiële konsekwinsjes oanjaen moatte. Wy wolle it advys fan dizze wurkgroep dêr't ek de gemeenten by belutsen binne graach ofwachtsje. Op termyn -wy tinke oan de geneentlike weryndieling- wolle wy graach oan it ynfieren fan Frysktalige plak- en gemeentenammen meiwurkje. Wy sille de ried hjiroer neier ynformeare, wannear it advys fan de wurkgroep ütbrocht wurdt. As wy it boppesteande gearfetsje, stellen wy;üt: 1. De list fan Frysktalige nammen fan wetters, geaën en pleatsen fêst te stellen en ta te stjoeren oan de Topografyske Tsjinst te Delft mei it fersyk by it gearstallen fan de nije kaarten de op de list neamde nammen te bruken. 2. Of te sjen fan it feroarjen fan de nammen fan de doarpen fan de ge meente. Boargemaster en Wethalders fan Idaarderadiel B.G. Holtrop, Boargemaster. P.H. Starreveld, Siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 189