- 3 -
"Eventuele eentalige Friese plaats- en gemeentenamen zullen planmatig
moeten worden ingevoerd. Verschillende mogelijkheden zijn denkbaar
(tijdelijke tweetaligheid; regionale invoering; invoering op termijn)
De werkgroep geeft de voorkeur aan een invoering op termijn. Planmatig
handelen vereist veel overleg. Misschien kan de provincie dit over
leg op gang brengen." /nochris
Foar't wy op lêstneamde konklüzje fierder geane, wolle wy/fêststelle
dat wy de beswieren tsjin it ynfieren fan ientalich Fryske plak-
nammen op dit stuit te grut fine om der no hoe graach wy dat op
himsels ek wolle, it beslut ta te nimmen.De konsekwinsjes, benammen
finansieel, moatte earst better undersocht wurde. Wy binne ek fan be-
tinken, dat Fryske ientalige plaknammen (en gemeentenammen) yn Fryslan
troch mooglik gemeenten tagelyk ynfierd wurde moatte.
Wy wolle der nei stribje dat it troch niisneamde wurkgroep advi-
searre oerlis sa gau mooglik op gong komt. Yn dit ferban is fan belang,
dat Deputearre Steaten fan Fryslan koartlyn in technyske wurkgroep
ynstelö hawwedy't as taak krigen hat om nei te gean wat de prose-
durele, organisatoryske en finansiële gefolgen binne fan in eventuele
ynfiering fan ientalich Fryske nammen. De wurkgroep sil in proseduere-
utsel opstelle en dêrfan de finansiële konsekwinsjes oanjaen moatte.
Wy wolle it advys fan dizze wurkgroep dêr't ek de gemeenten by
belutsen binne graach ofwachtsje. Op termyn -wy tinke oan de geneentlike
weryndieling- wolle wy graach oan it ynfieren fan Frysktalige plak- en
gemeentenammen meiwurkje.
Wy sille de ried hjiroer neier ynformeare, wannear it advys fan
de wurkgroep ütbrocht wurdt.
As wy it boppesteande gearfetsje, stellen wy;üt:
1. De list fan Frysktalige nammen fan wetters, geaën en pleatsen fêst
te stellen en ta te stjoeren oan de Topografyske Tsjinst te Delft
mei it fersyk by it gearstallen fan de nije kaarten de op de list
neamde nammen te bruken.
2. Of te sjen fan it feroarjen fan de nammen fan de doarpen fan de ge
meente.
Boargemaster en Wethalders
fan Idaarderadiel
B.G. Holtrop, Boargemaster.
P.H. Starreveld, Siktaris.