My tinktf it jild hoeft no, mei it each op'e reservearings en de reserves, gjin probleem mear te wizen. Dirom moat der no sa gau mooglik wer mei de gebrükers praat wurde, om de mooglikheden dy't der yn'e kantine lizze op in richje te setten. Wurd dizze frucht yn it jier fan'e rispinge net lükt, dan koe hy dêrnei wolris ferrotte wêze. En rotte plakken op dit mid passé einliks hielendal net by dit kolleezje. •Ek it musykünderwiis sil yn 1981 feroare wurde. Wat it advys fan'e kommisje ek wêze sil, der sil yn elts gefal in mienskiplike regeling mei Ljouwert oangongen wurde moatte. Dit wol, wat üs oan belanget, noch net sizze dat as fansels it bedrach fan 40.000,mar omheech brocht wurde moat. Wol binne wy tige ynnommen mei de nije opset fan it musykynstitüt. Dus de klam op it AMV en grüpslessen. Wy binne benijd nei it advys fan'e kommisje en hoopje dit ein jannewaris yn'e twadde ofdieling te besprekken. •Jild stekke yn saken, dy't yn'e takomst enerzjy-en dêrtroch jildbe- sparjend wurkje sille, is in tige goede saak. Dêrom binne wy ek bliid dat üs foarstap foarstel yndizzen troch eltsenien stipe waard. No komt it op'e ütwurking oan. Wy hawwe der alle fertrouwen yn, dat it jild dêrfoar brükt wurdt dêr it foar ornearre is en net foar in grut part yn'e büse fan in plannenmakker terjochte komt. ■It kolleezje wol prehearje wat mear düdlikheid yn'e kosten fan bestim- mingsplannen te krijen. Dit liket üs tige goed ta. It freegjen fan spesifisearde offertes kin der ta bydrage wat mear ljocht op dizze noch tsjustere saak te smiten. Hawar, takom' jier kin it bestimmingsplan bütengebied rispe wurde. -Noch in goede saak is it ynstellen fan in tredde jachthaven kommisje. Ferline jier fregen wy of it ek mooglik wie dit jier mei plannen foar dizze tredde kolk te kommen. Mooglik kriget dizze kommisje de smaak fan it rispjen ek te pakken, en kin noch takom' jier de skeppe yn'e groun (want lit üs optimistysk bliuwe, net wier?) -Ek foar Warten sil 1981 in goed jier wurde. Foar it earst sunt jieren kin der wer boud wurde. Dit is in tige goede saak, krekt as it oan- trunen fan wenningbouw fia it doarpeplan, foaral no't de sifers dêrüt oernommen wurde yn it Streekplan. Wy binne bliid, dat wy dit bepleite hawwe en dat üs plannen oernommen binne. -In oare foarstap fan üs fraksje, dy it kolleezje yn it rispinge-jier ütfiere sil, is de ütwreiding fan it oantal passante lisplakken. It kolleezje hat üs ommers tasein foar 1981 de ütkomsten fan it CIMK-rapport foar te lizzen. Dêr't de konklüzje fan dit rapport üsno al wol düdlik is, binne wy tige benijd nei de praktyske foarstellen fan it kolleezje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 19