- 10 - Voorstel betreffende de aan de raad gerichte brief van mr. E.W. Franken, advocaat van het Constructiebedrijf Metselaar B.V. inzake de aanbesteding en uitvoering van reparaties en onderhouds werken aan de Grote Brug te Warga. De hear Bouma: Neidat Zwart de foarige kear sei, dat dat it ein wie fan in roman mei in goede ófrin,docht no bliken dat de goede öfrin, nammentlik it foardial fan f 26.000,noch net genöch wie, né de roman wurdt no troch in advocaat as klucht fuortset. Want, wie it al frjemd dat, neidat de rie it wurk oan Metse laar gund hie, dy dat werom joechhielendal frjemd, ja hast komysk docht it oan, de wize wêrop de advocaat mr. Franken, syn cliënt, de fa. Metselaar, noch mear yn opspraak bringt. No wie my üt de polityk al earder bleken dat eltsenien mei in titel: mr. yn de rjochten net krekt wit hoe't hy de saken oanpakke moat, mar dit foarbyld fan mr. Franken raast oan de protters. Sa basearret hy syn ferhaal op kranteartikels. Hjirtroch ünt- giet it de béste man dat hy wol prate moat oer in ferskil fan 26.000,om't it bedrach fan 53.000,miskien wol yn'e krante stie, mar dat wie mei ynbegrip fan it al ütfierde wurk fan Metse laar. Boppedat hawwe de oare firma's it wurk net oannommen foar 27.000,mar foar goed 20.000, want ek hjirby siet al dat earste wurk fan de fa. Metselaar. Dus bliuwt it ferskil 26.000, Hwa hie it hjir ek al wer oer "grote onzorgvuldigheid" en "geringe kennis van zaken"? Dat dizze advocaat it hat oer in "bezuinigingsrace" en in rie dy't minder each hat foar de kwaliteit, docht hielendal komysk oan. Wy binne bliid, dat wy as rie it stanpunt huldigje: net samar op ien offerte óf beslissingen te nimmen, mar earst alles goed hifkje wolle en dus ek fergelykje wolle. It wurk fan dizze man maot blykber ferdoezele wurde troch in soad bombaarje en (om in goed frysk wurdt te brüken)fertochtmeitsjen. Ommers syn ferlangen om "diepgaand op feiten en achtergronden in te gaan" hat hy wiermakke troch: - krante artikels te lézen - ferkearde sifers te produsearjen - en in ferban te sykjen tusken it klepperjen fan'e brêge no en it wurk fan'etwa oare firma's, om't it him goed ütkomt. Wy binne bliid dat men no al leard hat en no hjir seis oan- wêzich is. My tinkt Metselaar B.V. hat oant no ta de measte skea ünderfün troch de hannelwize fan mr. Franken (advocaat en procureur) Wy wolle Metselaar B.V. dan ek adfysearje en nim in soarch- samme advocaat yn'e earm. Dy kin dan begjinne mr. Franken it folgjende brief te skriuwen: "cliënte acht de gevolgde procedure

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 99