-10- In verband hiermee rijst de vraag of het college hieromtrent iets nader kan meedelen. Een situatie dat de ene gemeente wel op een flinke bijdrage mag rekenen en een andere niet (alhoewel bij de in-r werkingtreding van de regeling in ïdaarderadeel omtrent dit punt nog geen helderheid bestond) wekt wel vragen op. Het is spreekster bekend dat de genoemde regeling binnenkort opnieuw zal worden bezien. Naar haar mening kan verwacht worden, dat een definitieve regeling voor ïdaarderadeel alleen maar gunstig kan uitvallen, zodat de extra finan ciële lasten voor het muziekonderwijs dan lager zullen zijn dan thans is aangenomen. Naar haar mening is het ook gewenst vast te leggen, dat de te treffen regeling in ieder geval voor 3 jaren zal gelden, waarna eva luatie kan plaatsvinden. Voorzover de gestelde vragen niet direct beantwoord kunnen worden gaat spreekster er gaarne mee accocrd, dat het college deze be trekt in de nog te houden vergadering in april/mei. De hear Van der Goot seit dat it d'r jün om giet it kolleezje grien ljocht te jaan om oer oansluten fan de gemeente Idaarderadiel by it G.Ii.L. te praten mei it kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert. En dit om it musykünderwiis yn üs gemeente feilich te stellen. Wy moatte it no mar ris witte, hat Ljouwert sein. En dêr kin sprekker wol ynkomme. Dit koene je al in pear jier oankommen sjen. Ferline jier yn'e hjerst hat Ljouwert üs de kniper op'e skine setten en 1 maart 1981 neamd as datum, werop wy üt'e rie wêze moatte. It is dan ek slim spitich, dat alles op't lest noch yn san hasten barre moat. It stik hieroer komt in lyts wike foar de rieds- gearkomste. Oerliz mei de efterban is hast net mooglik. Dochs sille wy d'r jün ütmoatte. My tinkt is dit net ienfaldich. It giet om in slompe jild foar in ferhaldingsgewiis frij lytse groep minsken. Dochs is sprekker d'r foar, dat d'r goed musykünderwiis as musikale foarming as hoe je it ek neame wolie plak fynt. Hy nimt oan, dat dit by it G.M.L. wol goed sit. Ek it ütgongspunt fan in brede basis kin hy efter stean. Mar is dizze basis wol sa breed as m'n dêr in lytse 100,-- per jier foar betelje moat. It bliuwt in drompel, dy't foar do ien mesklen heger is as foar in oar. Sprekker fielt d'r it measte foar om de A.M.V. en Groepslessen ünder skoaltiid te jaan. Troch de eigen learkrêften soe ideaal wêze, mar dit sjocht hy net sitter.. In oare mooglikheid is it oanstellon fan in faklearkrêft foar dizze lessen. Sa'n faklearkrêft (of meskien 2 heale) kin dan oan alle skoallen yn'e gemeente de musyklessen jaan. A.M.V. foar alle bern yn'e klassen 1, 2, 3 en fierders fakultatyf ünder de oeren foar ekspresjefakken yn'e klassen 4, 5, 6. Dan komt de fraach moat de gemeente dan ek noch subsydzje jaan foar aldere bern. Oan de iene kant seit sprekker né. ICrekt as mei oare fesetten fan it leger ünderwiis, dêr't üt bliken docht, dat in bern op it ien as oare mêd in great talint is, sille de alden it seis betelje moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 23