- 11 - Mar oan de oare kant slüt je dan wol it paed of, want as de ge meente gjin sint mear jout, kinne de bern net nei it G.M.L. Derom soe de gemeente dan dochs it fêste bedrach fan 650, per leerling betelje moatte. Dat soe dan betsjutte, dat m'n net aktyf belied mei bepale kin. Mar kin m'n dat no wol mei in fer- tsjintwurdiger yn de musykkommisje fan it G.M.L. De Ried fan Ljouwert hat ommers it leste wurd. Ek it fêststel- len fan in bepaald bedrach per jrer en dan mar ofwachtsje wat it G.M.L. hjir foar b.iede kin, kin hv net in aktyf belied neame. Sprekker is fan betinken, dat as it sa is, dat uy wol mei dwaan kinne mar allinnich as wy de besteande spulrigels akseptearje wy it better yn eigen han nalde kinne. Dan sitte wy net mei de fêste kosten fan Ljouwert. Bliuwt oer it HA-Fa ünderwiis. Sprekker soe d'r foar wêze en jou de beide korpsen yn'e gemeente in suhsydzje fan tusken de 4.000 en 5.000 güne en lit se seis de korpsleden opliede, sa as it eartiids ek barde en no ek noch yn Wergea. Sa as sprekker him dit foarstelt, sil de gemeente net goed- keaper ut wêze, mar se bliuwt wol seis baas. De hear Bouma: "Wy as Rie wisten al lang dat wy hjoed of moarn in kar dwaan moasten oangeande it musykünderwiisMar altyd hawwe wy de problematyk foar üs ütskoot. Wol waard de gemeentlike bydrage stees heger, mei it stiigjen fan it tal leerlingen, mar in kar waard nea dien. Dit wie in gefolch fan in krapte oan gegevens sawol wat de kosten as de mooglikheden fan'e musykskoalle oanbelanget. Mar no stean de gegevens op in riichje. Ek is it bekend, dat wy op koarte termyn in kar dwaan moatte, om't oars Ljouwert us de vracht oanseit. Dit is oan ien kant logysk, want hja betelje al jierren wat wy eins betelje moatte. Dus no fait de beslissing. Oan'e oare kant blieuwt der weinig keus oer. Rat de gegevens oanbelanget kinne wy opmerke, dat de opset, de nije opset fan it Ljouwerter musyk-ynstitüt üs oanstiet. Dat hja de klam lizze op it A.M.V. en de groepslessen ynpleats fan op it yndi^- vidueel-ünderwiis is yn oerienstimming mei üs ütgongspunt, nammentlik safolle mooglik bern mei it musykale elenint yn oanreitsing te bringen. In oar gegeven is, dat middels de foarstelde mienskiplike rege ling ek de oare doarpen üt'e gemeente lykwaardiger behannele wurde. Oan't no ta moasten hja reizgje om gebrük te meitsjen fan'e fer- sjennings. Straks sil dit, yn elts gefal foar in grut part net mear needsaaklik wêze. Dat de finansiële gefolgen foar in goede opset fan it musykünderwiis der net om li ge is düdlik. Mar, it feit dat mei de nije opset mear bern gebrük meitsje kinne fan dizze fersjenning, makket de kar akseptabeler De mooglikheden dêr1t wy üt kieze kinne binne troch de wol- wêzenkommisje ynventarisearre.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 25