- 17 - Utstel ta it wizigjen fan 2 strjitnammen te Grou. De foarsitter dielt mei, dat de hear Van der Goot op grün fan kest 21 fan it reglemint fan oarder fan de rie utstelt de fan aids yn'e folksmüle bekind steande nammen Hofsgrêft en Holsgrêft en Huzebosk wer yn te fieren. Wethalder Terpstra jout in koarte taljochting op dit utstel. It kolleezje kin wol efter dit foarstel stean, mar mient, dat de name Ilofsgrêft better is dan Holsgrêft. De aide namme v;ie Hofs grêft, der't foarhinne de minsken fan oer't wetter te hof brocht waarden. De folksmule hat hjir letter Holsgrêft fan makke, lyk as fan'e Huzebosk Lusebosk. It kolleezje haldt fêst oan de aide ge dachte. Sprekker seit dat de hjirby belutsen ynwenners tsjin it feroarjen gjin beswieren hawwe. De hear Van der Goot seit dat neffens de hear Hoekema beide nammen wol foarkomme. Hokfoar is net sa wichtich. It giet der om de aide nammen te bewarjen en it Halbertsmaplein is hjir net fan tapassing. Sunder haadlike stimming giet de ried dan mei dit utstel akkoart. Hierna sluit de voorzitter de vergadering. Aldus vastgesteld in de openbare v

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 37