Oan beswier 4. de kaderfoarming, is foldien. Op beswier 5. bin ik krekt ek al yngongen, by beswier 2. Dêr kin noch by sein wurde, dat de ünwissens, dy't de sin: "een nader door de raad te bapelen bedrag" ynhaldt einliks allinne mar foar it le jier jildt. It twadde jier wit men welk persintaasje foar dy situaasje takend is. Hoe dan ek, sjoen de totaal ferskillende situaasjes kin no ek net in fêst persintaasje öfpraat wurde. Mei de réaksje fan it kolleezje op beswier 6. binne wy it yn safiere iens, dat wy net tinke dat foar elk doarp bareksploitaasje gelyk is. Wat de besvrieren ünder 7, 8 en 9 oanbelanget, slute wy üs oan by it kolleezje. Nei't ik koart yngongen bin op'e beswierskriften woe ik no oergean nei de behanneling fan de subsydzje-oardening seis. Dizze behanneling sil bestean üt it yntsjinjen fan wizigingsfoar- stellen, mei dêrby hieltyd in koarte taljochting. bepalingen Foarstel I: Adm. artik. 8.4: (side 5) wurdt: -en "de eventueel op nader verzoek" over te leggen nota's en re keningen- Wat it kolleezje hjir bedoeld is üs wol düdlik, dy bedoeling ünder- skriuwe wy ek. Mar art. 13 is sadanich opsteld dat de tekst fan it kol leezje üs te fier giet. Boppedat besparret dit foarstel de amtners in soad rompslomp en dus wurk. Foarstel II wurkfoarm "jeugd- en jongerenwerk" art. 2 nij punt a. a. 100% fan'e personielskosten. Pragmatysk redeneag endfanüt de idé: hoe ferdiel ik de jilden, mei yn'e achterholle, hoefolie jild hawwe wy no, kin men konkludearje ta 0%. Sa docht it kolleezje blykber. Us fraksje is net ienriedich mar ik wol dit punt prinsipieel beliedsmjittich henaderje en fyn dêrom dat 100% opfierd wurde moat, om't dit wol yn it ferlingde leit fan'e taak fan'e gemeente. Op dit stuit is de praktyk by in ütspraak 0% of 100% personiels kosten gelyk. Nammentlik: der wurdt gjin sint foar iStjün. Dochs stel ik 100 foar as beliedsiltspraak. Foarstel III "Peuterwerk" (side 16) Nij art. 3.c. "Een ouderbijdrage wordt geheven naar draagkracht". Wat dit oanbelanget binne wv it mei it kolleezje iens: hja wolle de bestjoeren mei "klam" freegje sa'n systeem yn te fieren. It kolleezje ferjit allinne dy "klam" polityk te fertalen, fan dêr dit foarstel. Wy fine net, dat no tagelyk al in unifoarme ütwurking foar alle 3 ferienings oanjün wurde moat. Wy jouwe it prinsipiële ütgongspunt oan, yn'e ferwachting dat de ferienings wurkje sille oan in unifoarme rege ling. Docht blijken dat de ferienings dizze fryheid net oankinne, dan kinne wy by de oanfraach altyd noch regulearjend hannelje".

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 33