MEEN7E IDAAHDERADEEL
GROUW
Nr. 1677.
20. Utstelta wiziging fan it jierliks
subsydzje oan de Krite Grou.
Oan de gemeenteried.
Grou, 27 augustus 1982.
¥n jimme gearkomste fan 13 desimber 1977, nG, 21, is besletten
oan de Krite Grou in jierliks subsydzje te jaan fan 50% yn barren
eksploitaasjetekoart mei in heechste ütkearing fan 1.500,
Sa wie dit ek alle jierren yn de gemeentlike begrutting opnaam.
De Krite hat us no har finansieel oersjoch oer it ofrQne winterskoft
tastjoerd, werüt bliken docht, dat it tekoart 4.830,05 is.
Neffens jim riedsbeslüt soe har no 1.500,ütbetelle wurde
kinne. It docht lykwols bliken, dat dizze post, dy't dus oars altyd
apart yn'e begrutting opnaam wie, no yn'e post "Utjeften Sosiaal
en Kultureel wurk" ünderbrocht is. Foar in part is dit net terjochte.
Ut dizze post koe wol oan it "Krite Toaniel" in subsydzje fan
241,ütbetelle wurde, mar al it oare wurk fan'e Krite fait hjir
net Qnder: dat wurdt nammentlik ta "berops" rekkene.
Dit is op himsels net sa slim, mar de pot fan it sosiaal-kultureel
wurk is ek suver leech en de Krite sil dochs wol wat ha moatte;
it riedsbeslüt is net ynlutsen.
Wy ha dan ek besletten oan'e Krite in subsydzje te jaan fan
1.500,241, j wat har al ütbetelle is foar it toaniel,
1.259,en^dit bedrach yn 1982 üt it fOns foar kulturele doelen
te beteljen. Dêr sit noch wol wat romte yn.
Tagelyk soene wy jim dan ütstelle wolle it öeslüt nu, 21 fan
13 desimber 1977 yn te iüken en in nij beslüt te nimmen dat - büten
it subsydzje oan it Krite Toaniel üt it Sosiaal Külturele Wurk -
oan'e Krite Grou in jierliks subsydzje jout fan 50% yn it eksploitaasje
tekoart mei in maksimum fan 1.250, Dit bedrach kin dan yn 1983
wer yn de begrutting opnaam wurde.
it Qntwerp-beslüt hjirta leit by de riedstikken op besjen.
Boargemaster en wethêlders
fan Idaarderadiel,
B.G. Holtrop, boargemaster.
P.H. Starreveld, siktaris.