3. Ferkeapjen fan it kantoar mei garaazje oan de Gedempte Haven 11 te Grou oan de Stifting "It GEMEENTE 'DAARDERADEEL Fryske Boek" Nü. 2690. Oan de gemeenteried. Grou, 31 desimber 1983. Begjin desimber hat de Stifting "It Fryske Boek" it foar har ornearre gebou oan de Gedempte Haven 11 te Grou yn gebrük naam. It gebou is lykwols noch fan de gemeente. Mei de stifting wie ofpraat, dat sa gau as it gebou klear wie (it is troch de gemeente boud), it oan de stifting ferkocht wurde soe. De eksploitaasje fan de Stifting "It Fryske Boek" makke gjinhegere ynvestering mooglik as 120.000, Dat wie fan it begjin of bekend en ofpraat wie dan ek, dat it gebou foar dat bedrach ferkocht wurde koe (sjoch ek üs ütstel fan 5 july 1982, nü, 1423). Wy wiene fan doel de eigedom sa gau mooglik oer te dragen, mar in misbegryp oer de betingsten fan oerdracht hie op it leste momint ta gefolch, dat üs ütstel foar de gearkomste fan 21 desimber 1982 oanhalden wurde moast. It misbegryp is de wrald ütpraat en yn folsleine harmony binne betingsten redigearre dêr't nei alle gedachten gjin misbegryp mear oer üntstean kin. Op grün fan it boppesteande slaan wy jim foar it kantoar mei garaazje oan de Gedempte Haven 11 te Grou te ferkeapjen oan de Stifting "It Fryske Boek" en dêrta in beslüt te nimmen, werfan it Ontwerp by de riedsstikken foar jim op besjen leit. Boargemaster en wethalders fan Idaarderadiel de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 5