- 10 - is, dat mensen niet langer beoordeeld worden of zichzelf beoordelen naar wat ze zijn, welke baan ze hebben, maar wie ze zijn. Grote woorden voor de gemeentepolitiek, maar kleine daden zullen het het komende jaar moeten doen. Stap voor stap zullen we naar een rechtvaardiger maatschappij toe moeten, waar de lusten en lasten, de mogelijkheden en beper kingen, betaald en onbetaald werk eerlijker zijn verdeeld. Laten wij als gemeentebestuur proberen daarin ons steentje bij te dragen. In deze geest wens ik u allen een goed en gelukking 1983.". De hear Van der Goot seit it folgjende: "Foarsitter, begruttingsgearkomste 1983. Wat letter as wy de leste jierren wend wiene. Mar it opstellen fan in gemeentebegrutting wurdt der yn dizze delgeande tiid ek net makliker op. It regear yn Den Haach hat fakentiids ek noch wat ferrassings yn petto en meastal betsjut it minder jild fan dy kant nei de gemeenten ta. In stap tebek is net noflik; foar de oerheid net en foar it yndividu ek net. Dochs moat men it seil net heger luke as de mest. Dit soarte fan dingen stean üs de kommende tiid te wachtsjen. De tiid, dat it jild hast net op koe is no dudlik foarby. De plannen, dy't op priemmen steanemoatte noch mear as yn it ferline tsjininoar ofwoegen wurde. Op himsels hoecht dit net ferkeard te wezen. It bewust kiezen kin mear ynhald jaan oan it libben. ■w De generaasje, dy't nei de twadde wraldkriich grut wurden is, kin dit soarte fan tiden einlings net. Dizze minsken en dan foaral de jongerein hat hjir en dêr problemen him of har oan te passen. Wy meielkoar, de oerheid en foaral ek de alders sille soargje moatte, dat dizze, sa't it bytiden liket hast doelleaze tiid, net utdraait op fernielen en op it unfeilich meitsjen fan de doarpen. Hjir leit net allinnich in taak foar de polysje, mar foar us allegear. Dochs liket it my in goede saak, dat de polysje lyk as eartiids him of har wer mear op'e fyts under it folk jout. It punt "horeca" sil hjir aanst fêst noch wol oan'e oarder komme. Sa't it no liket sil dit it leste jier wêze foar Idaarderadiel. Takom jier sille wy fierder moatte as Boarnsterhim mei of sunder Aide Feanen. De minister hat witte litten, dat it regear Nederlansk-talige gemeentenammen fêststelle sil. Op fersyk kinne dan letter de Fryske nammen mooglik ynfierd wurde.It liket my handiger en jildbesparjend om de Fryske nammen op 1 janne- waris 1984 offisieel wurde te litten. Fan trije gemeenten ien te meitsjen is net ienfaldich. Der komme in protte saken op it aljemint. Saken, dy't minsken reitsjen en dy't jild kostje. In tidich tarieden hjirop, foaral foar de minsken, dy't hjirby belutsen binne, n— is nei myn betinken tige wichtich en kin net wachtsje oant it regear mear düdlikheid jout oer de finansiële gefolgen. "Halbertsma" oan de doarpskant fan'e Grou is plat. In grut fjild, wêrfan de measten net better wisten as dat hjir fabriken op heardenwurdt no ree makke foar huzebou. It leit yn'e bedoeling de earste peallen yn maaie '83 yn'e grün te slaan. Einlings in frjemde wrald, earst de peallen der ut en no der wer yn. Hooplik komme yn'e huzen, dy't aanst setten wurde, ek minsken te wenjen. Tige posityf is yn elts gefal it bestean bliuwen fan Stork-Bepak te Grou en ik gean der fan ut, dat foar "Halbertsma" nei in hjerstige tiid aanst ek de maitiid wer komme sil. Hoe't it probleem fan de wurkleazens tsjingien wurde moat, wit ik net. Ik tink, dat de gemeente hjir ek net folie tsjin dwaan kin. Wol kin dizze oerheid meihelpe te besykjen bedriuwen yn'e gemeente te krijen troch de drompel foar festiging sa leech mooglik te meitsjen. Ek kin de gemeente in funksje ha by it tsjingean fan de gefolgen fan it wurkleas wezen. It is net in maklike opjefte, mar mei feriene krêft en degelik tinkwurk is in protte te berikken. It djoerder wurden fan de gemeentlike tsjinstferliening en it weromrinnen

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 11