- 25 - De hear Knossen is fan betinken dat der altyd in struktureel tekoart is en dat dat ek ofhinget fan de taakstelling. It liket him ta dat dat de dis kusje wie tusken de ferskate minsken. Der binne altyd tekoarten oan minsken en dat liket him ek in sinleas petear, mar it giet der dan benammen om wat men de minsken dwaan lit. It liket de hear De Wolf ta,dat der ek rekkene wurde moat mei it feit, dat as der wurkleazen ut de eigen gemeente ynskeakele wurde, dêrtroch gjin minsken ut oare gemeenten wurkleas makke wurde moatte. Wethalder Van Gorkum seit dat de hear Knossen yn prinsipe gelyk hat It leit yndied ek oan de taakstelling sa't dy der no is. Der wurdt fan de iene kant fan sein dat dy taakstelling net ut te fieren is en fan de oare kant wurdt der oan twifele. Dêrom moat der ek mei elkoar oer praat wurde. Wat de hear De Wolf nei foaren bringt, moat neffens sprekker ek om tocht wurde, mar ien fakatuere kin ek mar ien kear ütjun wurde. In aspekt is dat der sein wurde kin dat der op dizze wize oan proteksjonisme dien wurdt, mar it giet der om dat de minsken ut de eigen gemeente fia in soarte fan sollisitaasje in kans krije op wat tydlik wurk. Vraag III. 7 Overhangende takken en struiken. Hierover zijn geen opmerkingen. Vraag III. 8 Rioleringsplannen Mefrou Faber seit dat har fraksje dit andert net alhiel befredigjend fynt. Men hie wat mear ynsjoch ferwachte yn wat der al en net utfierd is, yn persintaazjes en miskien oanjün op lytse kaartsjes. It liket har net goed ta dat der no wiidweidich op yn gien wurdt, mar hja sille der wolris op werom komme. Wethalder Van Gorkum fynt dat it dan better is dat it kolleezje der dan fia de tredde ofdieling op werom komt. Hoofdstuk VIII. Vraag II. 1 Dienstverlening G.C.O. It liket de hear De Wolf goed ta dat der publyklik bekend makke wurdt wat in "orthodidacticus" is, en dan ek noch wol in provinsiale. Yn it koart komt it der neffens de hear Bouma op del dat de "didactiek" V der fan üt giet hoe't men immen op de koart ste' 'wize eat leare kin en de "orthodidactiek" giet der fan üt hoe't men immen dy't der muoite mei hat, it op in spesiale wize leare kin. De voorzitter is van mening dat dit voor de kruiswoordpuzzelaars een mooie aanvulling is. Hoofdstuk IX. Vraag I10 Bezoekerscentrum Grouw en wensenlijst. De hear De Wolf is it der wol mei iens dat it besikersintrum oan de list taheakke wurdt, mar it liket him ta dat der mear by heart as it allinnich mar op in list setten. De hear Bouma seit dat allinnich mar frege is it sintrum op'e list te setten. De hear De Wolf giet dan fierder en seit dat hy heard hat, dat net- tsjinsteande alle finansiële problemen dy't der binne, de oerheid in mooglikheid ta finansiële stipe jout foar it meitsjen fan wat men dan neamt "toeristisch-recreatieve ontwikkelingsplannen" en dat der ek yn dizze krite oan wurke wurde sil. It liket him dêrom goed ta, wat omtinken

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 26