- 26 - te jaan oan it besikerssintrum. De eksploitaasje is fansels net sa maklik, mar yn gearwurking mei oare aktiviteiten is der neffens him fêst wol wat klear te krijen. Wethalder Van Gorkum seit ta dat der alle war foar dien wurde sil om subsydzjes te krijen, net allinnich foar it besikerssintrum, mar ek foar alle oare projekten, dêr't no gjin finansiële dekking foar is. Der binne al wat stappen ündernaam yn dy rjochting. Wat dan miskien net daliks by dit punt heart, mar dat as meidieling oan de rie wol aardich is om te witten, is, dat 3m it kader fan in W.V.M.-regeling 6 wurkleaze jongelju yn tsjinst fan de gemeente nommen binne, dy't yn Wergea en hooplik Readhuzum en Aegum oan de gong sille. It kolleezje hopet dat der yn dat ramt noch mear rëalisearre wurde kin. Der wurdt mei koarten wol by de rie op werom kaam. Vraag I. 11 Belied oangeande it befoarderjen fan it Frysk De hear Terpstra is fan betinken dat wat der oer it notulearjen stiet al in hiele moaie stap foarut is. Wat him wol wat fernuvert is, dat it andert der mei begjint dat it utgongspunt foar it belied op dit mêd it kolleezjewurkprogram is en dat der besletten wurdt mei de wurden dat der yn it ramt fan de weryndieling net al te folie drokte fan makke wurde sil. Wêr't it sprekker om gie wie in konsept-plan dat hy yn juny fan de siktaris krigen hie. Dat woe hy graach wer op tafel hawwe en dat der foar de simmerfakansje in rêaksje op de befinings fan Tytsjerksteradiel en Wünseradiel komt. Wethalder mefrou Aukes seit dat as de hear Terpstra fierder lésthy sjen kin dat net allinnich it notulearjen, mar ek it beantwurdzjen fan brieven yn de taal giet dy't brukt wurdt en dat der Fryske persoaniels- adfertinsjes yn de Fryske bieden komme en sa no en dan ek Fryske rieds- ütstellen. Fierders hie de hear Terpstra it oer in konsept-plan, dat by sprekster net bekend is. Hja is fan betinken dat dat dan troch it foarige kolleezje miskien net fierder ferwurke is. It liket har ta dat by it opstellen fan it kolleezjewurkprogram alle partijen harren hjiroer ut sprutsen hawwe en it goed kard hawwe sa't it hjir werjun is. Wat der 3m Tytsjerksteradiel en Wünseradiel bart, is ek noch mar 3m in begjinfase en dêr is dus no noch net folie fan te sizzen. De voorzitter wil dan even de sluier oplichten die over het concept plan ligt wat de heer Terpstra als voormalig collegelid, naar voren bracht. Op een regenachtige namiddag heeft de secretaris eens op papier gezet wat de eventuele mogelijkheden voor het gebruik van het Fries kunnen zijn, zo vertelt spreker. Het is ook niet in het college aan de orde geweest..Bij wijze van proef is het eens ter overweging mee gegeven. Spreker is van mening dat als dit ter tafel had moeten komen, het collegewerkprogramma de aangewezen plaats was geweest. De hear Van Essen seit dat dat plan doe mar by in part fan it kolleezje west hat. Hy hat it net sjoen, mar it kin ek wêze dat it te dreech foar him wie. De hear Terpstra wol dêr gjin oardiel oer jaan. Hy fynt it logysk dat sa'n oanset ta in konsept earst troch dyjinge dy't it yn portefeuille hat, besjoen wurdt. Dat wie flak foar de simmerfakansje en hy woe der fuort nei de fakansje net oer begjinne om't it doe noch by it kolleezje wie. Wat hy no graach wol is dat dizze brükbere gedachte wer opfette wurdt en nei foaren skood wurdt Wethalder mefrou Aukes sil sjen oft hja dat stik earne fine kin en mear kin hja der ek net fan sizze om't hja it hiele stik net kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 27