12. Mevrouw Dekker vraagt wat de consequenties zijn voor het verkeersplan Oosterveld door deze onthouding van goedkeuring voor het parkeerterrein Blikpolle De voorzitter antwoordt dat G.S. voor de aanleg van dit parkeerterrein een verklaring van geen bezwaar moeten verlenen. Het verlenen van de verklaring van geen bezwaar is niet aan een termijn gebonden maar de daaraan parallel lopende votering van gelden is dat wel nl. binnen 5 maanden beslissen. Met een eventuele goedkeuring hiervoor zou vooruit gelopen worden op de discussie over het verlenen van de verklaring van geen bezwaar. Die discussie moet nog plaats vinden. Zou er echter besloten worden de verklaring van geen bezwaar te verlenen dan zullen op financieel gebied waarschijnlijk ook geen problemen zijn. Mevrouw Dekker constateert dat het verkeersplan dus op dit moment nog niet ter hand kan worden genomen. De voorzitter zegt dat dat vast zit op de nog niet verkregen verklaring van geen bezwaar. Het besluit wordt vervolgens voor kennisgeving aangenomen. De ingekomen stukken genoemd onder 13 en 14 worden voor kennisgeving aangenomen. Mededelingen 1. De hear Terpstra seit dat er nuver opsjoen hat doe't er dizze meidieling lies. In eardere tasizzing wurdt yn in folgjende gearkomste werom naam en bestimpele as "weinig zinvol". It liket him ta dat dy beöardieling by de rie leit. Der is no in konkluzje lutsen op grun fan ornearjen en sprekker woe graach in konkluzje op grün fan konkrete sifers. It is wol düdlik dat benammen dit part fan de reinigingstsjinst goedkeaper troch partikuliere bedriuwen dien wurde kin, mar it giet, sa seit sprekker, om de "nevenfeiten" dy't hifke wurde moatte om dan te besjen wat der it beste dien wurde kin. Dat kin allinnich mar mei de sifers foar eagen, Sa't yn de leste alinea stiet, is de boarger frij om seis ut te meitsjen wa't de bedriuwssmoargens ophellet. As dat op grutte skaal tapast wurdt dan wurdt der ofbrek dien oan de tsjinst, is sprekker fan betinken, mar as dat yn in lytsere mjitte tapast wurdt, dan kriget de tsjinst it wat minder drok. Der is troch de tsjinst seis ek wolris om frege. Mei it each op de weryndieling fynt sprekker it spitich dat dit net trochgien is want "dan hie dit moai in proefjier wêze kinnen" en dan hie nei dat jier ek fuort besletten wurde kinnen of it al of net trochgean soe. Sprekker freget dêrom no by de weryndieling dizze kwestje oan de oarder te stellen en dan net allinnich te praten oer it opheljen fan it bedriuwsofeart mar oer de hiele reinigingstsjinst Wethalder Van Gorkum andert dat it net goed wêze soe om no mei sifers hjiroer te kommen, sjoen de situaasje dêr't de gemeente yn it ramt fan de wer yndieling yn sit. Op dit stuit binne der by de tsjinst reiniging gjin tükel- teammen, it kin krekt. In undersyk, mei as doel in beslut dat ek gefolgen hawwe kin foar it persoaniel, soe it persoanielsynfoljen foar Boarnsterhim (dêr't men op dit stuit mei dwaande is) danich yn't paad rinne. Sprekker is fan betinken dat it foar Boarnsterhim bést wol in goede saak wêze kin om dit punt ris te besjen, mar dat moat dan in kar wêze fan de nije rie fan Boarnsterhim en net fan it kolleezje fan Idaarderadiel. De hear Terpstra is it mei de wethalder iens dat it in kar fan de rie fan Boarnsterhim wêze moat, mar de oanset moat jün wurde troch dizze rie of it uri-oerlis (oerlis tusken de kolleezjes fan B. en W. fan de gemeenten Utingeradiel, Raarderhim en Idaarderadiel). Hy freget dêrom dit punt mei te nimmen nei dat oerlis en it dêr te besjen, ek om't der hjoed-de-dei in protte gemeenten ut finansieel omtinken der ta oer gean it opheljen fan it smoargens oer te litten oan partikuliere bedriuwen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 30