- 14 - 24Voorstel tot wijziging van de verhuur van vaste ligplaatsen voor boten. De hear Bouma is bliid dat dit utstel no oan 'e oarder komt en,net in moanne ferlyn om't it de diskusje gans koarter meitsje kin. Seis yn de ofdielingsgearkomste wie noch in spraakbetizing om't net eltsenien it goede utstel ta syn foldwaan hie. Mar foar dit nije utstel hat sprekker alle lof om't it in iepening jout nei in aide winsk fan gelyk behanneljen fan de hierders fan de gemeentlike lisplakken. Dat yn dit stik de lisplakken vn it bütengebiet net meinaam binne, om't it- better is dy yn it ramt fan de tredde kolkte besjen kin sprekker it wol mei iens wêze. As grün foar de berekken fan de hierpriis is it oerflak fan it lisplak keazen en dat jout in grut ferskil tusken de situaasje sa't dy no is en sa't dy dan wurde silj de plakken oan de Pikmar wurde goedkeaper en oan de Rjochte Grou djoerder. Foar 1983 is in stiging of fal fan op syn heechst 30% oan- brocht, mar is dat dan ek foar de kommende jierren it gefal oant de prizen op de goede hichte binne? It liket sprekker net goed dat it allinnich foar it earste jier jilde soe. Dat as grunslach foar de hierpriis it oerflak naam is, is wol goed, mar dan moat der foar alle plakken'ek de selde gemakken wêze. It belied moat der dan ek op rjochte wêze. De hierders moatte dan op in te oanfurdzjen wize by harren boaten komme kinne en dat is yn de Rjochte Grou noch net it gefal. Fierder kin sprekker him fine yn de utstellen sa't dy opnaam binne oer de lisplakken efter de brêge en yn de Gründaam. De hear Van der Goot is it wol iens mei de wurden fan de hear Bouma. Dochs is hy fanbetinken dat it in drege saak wurde wil om de gemakken foar de Rjochte Grou en de Pikmar op it selde peil te bringen, mar dat alle minsken mei droege fuotten by harren boat komme kinne moatte, is mei ienfaldige middels wol te dwaan. De prizen sa't dy op in list steane dy't by de stikken hearde, sille neffens sprekker noch wol ris nei rekkene wurde moatte om't der hjir en dêr noch wol lytse flaterkes yn sitte. De hear De Wolf kin him oanslute by de fragen en opmerkings fan de foarige sprekkers. Hy sprekt de hope ut dat der ek nei sjoen wurde sil oft de boaten op in passend plak, wat it oerflak oanbelanget, lizze en oars moat der wat skood wurde. Fierders freget sprekker dat lisplak nü. 10 fan de Rjochte Grou nochris neier besjoen wurdt om't der in oar gebrük fan makke wurdt en dat soe dan in ünridlike belêsting foar de gebrüker wurde kinne. Wethalder Van Gorkum seit dat dy 30%-regeling foar alle jierren jildt oant men oan de goede priis ta is. Fierder sil der ek besjoen wurde oft alle boaten wol op in goed plak lizze of as der hjir of dêr wat skood wurde moat. V Der binne in pear lisplakken neffens sprekker dy't net oan de minimale easken foldogge, mar dat sil opnaam wurde mei de tsjinst gemeentewurken ftoe't dat it béste oanpakt wurde kin. Men moat der dochs net op rekkenje dat it samar klear is. Yn de tredde ofdieling kin miskien ek wolris oer it ynfoljen hjirfan praat wurde. Foar de plakken efter de brêge is der koartlyn it beslut nommen dat de brêge wat faker wipt wurde sil en de 20% koarting is miskien seis wol wat te folie as men sa de gemakken dêr allegearre ris besjocht. De list mei bedragen sa't dy by de stikken leit, is de kantemeterpriis per plak en de 30%-regeling moat der noch op tapast wurde;seit sprekker. Vervolgens wordt er zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 25Voorstel inzake subsidiëring project alfabetisering gemeenten Idaarderadeel Rauwerderhem en Utingeradeel. Mefrou Faber seit it folgjende: mIt hoecht gjin betooch, dat it belang fan it alfabetisearringswurk troch us fraksje underskreaun wurdt. As je der earst fan hearre, fan de needsaak fan dit wurk, is de earste gedachte: bestiet dit dan "analfabetisme"? Troch der

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 43