- 16 - jun is. Dat sil dan neffens sprekster ek wol ien fan de grünen west hawwe foar dizze positive riaksje. Yn it foarste plak is it it doel om dit gebou te behalden en dan kin it ek noch brukt wurde foar dingen dy't no net utfierd wurde kinne om't der gjin gaadlike romte foar is. De hear De Wolf slut him jerne oan by dizze kompliminten foar de Wergeaster oanpak. De voorzitter constateert dat allen dan verheugd zijn hierover en waarde- ring hebben voor de wijze waarop dit door de Twa Tuorren Kommisje is aangepakt. Dat is ock mede een reden geweest waarom enerzijds de gelegenheid geboden is om het project uit te voeren en anderzijds van de kant van het college gezegd is de benodigde steun te zullen verlenen voor het van start laten gaan van het project. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 27Voorstel tot het nemen van een beslissing op het beroepschrift van de heer R. Wester te Grouw tegen het weigeren van een bouwvergunning De hear Van der Goot seit dat der yn it bestimmingsplan net dudlik oanjun stiet wat der ferstien wurde moat under in wetterboukundich wurk. It docht him bliken dat it kolleezje en de kommisje der ek net rjocht ut binne en dêrom wol hy it foardiel fan de twifel jaan oan de oanfreger. Mocht sa'n beslut takomstige plannen yn de wei stean dan is sprekker fan betinken dat dêroer wol in betingst yn de oerienkomst opnaam wurde kin. De hear De Wolf is fan betinken dat men net folstean kin mei it sizzen dat it bestimmingsplan it net ta lit. Mei in bestimmingsplan kin net foarüt besjoen wurde hoe't it ferlet fan de boargers en de mienskip wurde sil yn de rin fan de tiid. In bestimmingsplan is faak ek al efterhelle op it tiidstip fan fêststelling om't it sa lang duorret foar dat it fêststeld wurde kin. Neffens sprekker moat by it êfweagjen fan de belangen as wichtigste fraach steld wurde: hokker belangen soene der skeind wurde as it tastien wurde soe. As dat dan ta fait dan kin der troch ynterpretaasje of wiziging fan it bestimmingsplan tastimming jün wurde. Yn dit gefal, sa is sprekker fan betinken, is it in kwestje fan ynterpretaasje en kinne de peallen wol sjoen wurde as wetterboukundich wurk. Fierders hat him ut de korrespondinsje bliken dien dat de oanfreger ree wêze soe de peallen wer der wei te heljen as bliken dwaan soe dat it in behindering is foar de tarin fa de tredde kolk sa't dy der miskien komme sil. Sprekker fynt dat dêrom meiwurking ferliend wurde moat oan dit fersyk. De hear Bouma seit dat de beropskommisje der is om te hifkjen oft it kolleezje de regels op in goede manear tapast hat en net om te ynterpretearjen hokker belangen wol of net skeind wurde. Ek de suggestje dat de kommisje him liede litten hat troch belangen dy't mooglik yn de takomst spylje sille,is net wier neffens sprekker. Dy ofweaging kin faak wol meispielje as der in fersyk komt foar it hieren fan iepenbier wetter. It slaan fan peallen stiet los fan it hieren fan it wetter om dat foar lisplakken te brüken, Oan it ferhieren fan wetter kin betingsten ferbün wurde dêr't de hear De Wolf op doelde, mar foar it slaan fan peallen is in boufergunning nedich en dêr kin it net by. De voorzitter zegt dat het college net als de commissie de aanvraag aan de regels getoetst heeft. In dit geval is dat op grond van de woningwet een toetsing aan het bestemmingsplan en aan de bouwverordening. Volgens de heer Van der Goot kan er twijfel bestaan over de uitleg van een waterbouw kundig werk, maar daar wordt zekér niet een aantal palen onder verstaan dat als ligplaats voor recreatieve schepen moet dienen, maar wel meerpalen bij bruggen of een walbeschoeiïng. Dat de gedachte mee heeft gespeeld dat er misschien toekomstige belangen van de gemeente in het kader van de derde jachthaven op het spel zouden staan is beslist niet het geval volgens spreker. Wel is naar aanleiding van dit

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 45