De voorzitter zegt dat daar dan kennis van is genomen. Verder is hij van oordeel dat de protesterende geluiden wat aan de late kant zijn. Die hadden beter bij het opstellen van de subsidie-verordening geDast. De hear Terpstra andert hjirop, dat hy it doe ek sein hat en dat hy him foarnaam hat, alle kearen as der soks oan de oarder komme soe, him hearre te litten De voorzitter constateert dat hij dan fungeert als een soort Friese Cato. Hierna worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen 3* Ferkeapjen fan it kantoar mei garaazje oan de Gedempte Haven 11 te Grou oan de Stifting "It Fryske Boek". Sünder besprek en sunder haadlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten 4. Goedkeuring van de begroting 1983 van de Stichting Recreatie-oord Yn'e Lijte te Grouw. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voor stel besloten. 5- Goedkeuren van de begroting 1983 van de Stichting Jachthaven Wartena. Alsvoren 6. Behandeling van de ontwerp-begrotingen 1983 van de gemeente, het grondbedrijf, het gasbedrijf en sporthal-zwembad De Twine. De voorzitter geeft eerst de gelegenheid tot het houden van algemene beschouwingen De hear Bouma seit dan it folgjende: 'Foarsitteryn it foarste plak wolle wy jo, it kolleezje, us kollega-rieds- ledende amtners en alle oare ynwenners fan us gemeente in goed 1983 tawinskje In jier 1983 dat, ek neffens in protte oaren, in bysunder jier wurde sil. Elts bejochtet it bysündere fan dit jier fanut syn of har eigen situaasje. It is dan ek net frjemd dat ik begjin mei it neamen fan de weryndieling fan de Fryske gemeenten. Der wie ris in liberale kollega, dy't sei:"dit regear besuniget oeral op, alles wurdt ofremme of stopset, ütsein de hobby's, dy geane troch.". No soe men tinke, dy man hat it oer de stiging fan'e begrutting fan it ministearje fan definsje, mar nee, it gie echt oer de weryndieling en my tinkt: hy hat gelyk. De weryndieling, sa as hjir yn Midden Fryslan bygelyks, kostet in slompe jild, no al mar ek struktureel, en giet op kosten fan'e ynwenners, sawol wat it gemeentlik foarsjenningsnivo as wat de ofstan ynwenner-bestjoer oanbelanget. Sa't it no liket wurdt Boarnsterhim net folie mear as in earm bollekeal mei 17 poaten. Dochs giet de weryndieling, mooglik dit jier al, troch Hawar, wy wurkje mei om der dochs noch it beste fan te meitsjen, In natuerlik folie wichtiger bysünderheid is it falend andert fan it regear op de wurkleazens, wêrtroch 1983 wat de bestriding dêrfan oanbelanget in ferlern jier driget te wurden. Dit regear makket in oare kar: hja besunigje en besunigje, sünder, sa liket it, omtinken te hawwen foar de effekten dy't der it gefolch fan binne. De gemeenten moatte hurde klappen trochstean. Neist de ofgryslike stiging fan'e R.W.W.-ütkearings mei mear as 130%, dat kostet dizze gemeente al sa'n 60.000,- mear, sunder kompensaasje fan it Ryk dat wol jonges en famkes sünder wurk lit, binne der tal fan oare maatregels, dy't meielkoar de gemeenten it fel oer de earen helje. Benammen de ünderwiisütkearing wurdt ynkoarte; eltse rêorganisaasje fan'e ütkearings komt del op in besuniging, grif by dit minis-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 4