De voorzitter zegt dat daar dan kennis van is genomen. Verder is hij van
oordeel dat de protesterende geluiden wat aan de late kant zijn. Die hadden
beter bij het opstellen van de subsidie-verordening geDast.
De hear Terpstra andert hjirop, dat hy it doe ek sein hat en dat hy him
foarnaam hat, alle kearen as der soks oan de oarder komme soe, him hearre te
litten
De voorzitter constateert dat hij dan fungeert als een soort Friese Cato.
Hierna worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen
3* Ferkeapjen fan it kantoar mei garaazje oan de Gedempte Haven 11 te Grou oan
de Stifting "It Fryske Boek".
Sünder besprek en sunder haadlike stimming wurdt der neffens it utstel
besletten
4. Goedkeuring van de begroting 1983 van de Stichting Recreatie-oord Yn'e Lijte
te Grouw.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voor
stel besloten.
5- Goedkeuren van de begroting 1983 van de Stichting Jachthaven Wartena.
Alsvoren
6. Behandeling van de ontwerp-begrotingen 1983 van de gemeente, het grondbedrijf,
het gasbedrijf en sporthal-zwembad De Twine.
De voorzitter geeft eerst de gelegenheid tot het houden van algemene
beschouwingen
De hear Bouma seit dan it folgjende:
'Foarsitteryn it foarste plak wolle wy jo, it kolleezje, us kollega-rieds-
ledende amtners en alle oare ynwenners fan us gemeente in goed 1983 tawinskje
In jier 1983 dat, ek neffens in protte oaren, in bysunder jier wurde sil.
Elts bejochtet it bysündere fan dit jier fanut syn of har eigen situaasje.
It is dan ek net frjemd dat ik begjin mei it neamen fan de weryndieling fan
de Fryske gemeenten. Der wie ris in liberale kollega, dy't sei:"dit regear
besuniget oeral op, alles wurdt ofremme of stopset, ütsein de hobby's, dy
geane troch.".
No soe men tinke, dy man hat it oer de stiging fan'e begrutting fan it
ministearje fan definsje, mar nee, it gie echt oer de weryndieling en my tinkt:
hy hat gelyk. De weryndieling, sa as hjir yn Midden Fryslan bygelyks, kostet
in slompe jild, no al mar ek struktureel, en giet op kosten fan'e ynwenners,
sawol wat it gemeentlik foarsjenningsnivo as wat de ofstan ynwenner-bestjoer
oanbelanget. Sa't it no liket wurdt Boarnsterhim net folie mear as in earm
bollekeal mei 17 poaten. Dochs giet de weryndieling, mooglik dit jier al, troch
Hawar, wy wurkje mei om der dochs noch it beste fan te meitsjen,
In natuerlik folie wichtiger bysünderheid is it falend andert fan it
regear op de wurkleazens, wêrtroch 1983 wat de bestriding dêrfan oanbelanget
in ferlern jier driget te wurden. Dit regear makket in oare kar: hja besunigje
en besunigje, sünder, sa liket it, omtinken te hawwen foar de effekten dy't
der it gefolch fan binne.
De gemeenten moatte hurde klappen trochstean. Neist de ofgryslike stiging
fan'e R.W.W.-ütkearings mei mear as 130%, dat kostet dizze gemeente al sa'n
60.000,- mear, sunder kompensaasje fan it Ryk dat wol jonges en famkes sünder
wurk lit, binne der tal fan oare maatregels, dy't meielkoar de gemeenten it
fel oer de earen helje. Benammen de ünderwiisütkearing wurdt ynkoarte; eltse
rêorganisaasje fan'e ütkearings komt del op in besuniging, grif by dit minis-