Nü. 56. 5. Utstel oangeande it jaan fan Fryske nammen oan wetters en geaën yn de gemeente. Oan de gemeenteried. Grou, 4 febrewaris 1982. Yn de riedsgearkomste fan 19 jannewaris 1982, nü. 8, hawwe jimme it beslüt naam in troch de Nammejouwingskommisje fan de gemeente gearstalde list fan frysktalige nammen fan geaën en wetters yn de gemeente fêst te stellen. As wy goed begrepen hawwe, gie it doetiids om it fêststellen fan twa listen. Blykber is troch in misbegryp mar ien list oerlein. De twadde list is üs krektlyn oerlange. De boppeneamde kommisje soe graach sjen dat ek de nammen fan de twadde list yn it amtlik ferkear brükt wurde. Wy hawwe dêr gjin inkeld beswier tsjin. Wol hawwe wy üs offrege oft de namme Sibenga's boskjes wol krekt skreaun is. Neffens üs moat it Siebenga's boskjes vieze. De boskjes binne neamd nei de famylje Siebenga, dy't fan 1905 oan't 1971 de tabehearrende pleats bewenne hawwe It te nimmen beslüt leit by de stikken foar jimme om yn te sjen. Burgemeester en wethouders der gemeente Idaarderadeel de secretaris, de burgemeester, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. GEMEENTE IDAARDERADEEL

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 53