Nr. 953. 16. Utstel ta it jaan fan strjit- nammen te Reduzum. Oan'e gemeenteried. Grou, 10 maaie 1983. Sa't jim witte, wurdt de buorkerij fan S.A. Okkinga oan de "Overijssel sestraatweg" ynkoarten ferpleatst nei it Reduzumer Nijlan oan de yn'e folksmüle neamde wei de Nijlansdyk. No11 lykwols oan dizze wei boud wurdt, sil foar de pleatslike en postale yndieling fan de wenning mei lisboksestal oan dizze wei offisieel in namme fün wurde moatte. Om't de namme Nijltnsdyk yn'e rin fan de jierren yn Reduzum en omkriten in begryp wurden is, stelle wy jimme üt de wei de namme te jaan fan "Nijlansdyk". De feriening Pleatslik Belang yn Reduzum giet hjirmei akkoord. Fierder moat oan it nij oan te lizzen part strjitte yn it bestimmingsplan De Trije Romers 2 te Reduzum, foarmjende de ferbining tusken de Ds. Boers- strjitte en de Haven noch in namme jün wurde. De feriening Pleatslik Belang hat doetiids utsteld oan dit part strjitte ek de namme fan Ds. Boersstrjitte te jaan. Wy hawwe dêrtsjin beswier makke, om't dan net goed mooglik wie in düdlike en oersichtlike hüsnümering te jaan. Pleatslik Belang hat dit beswier ünderkend en stelt no üt de strjitte te neamen nei Alle Jans Smeding (1820 - 1902), smid yn Reduzum. Smeding is berne de 7e jannewaris 1920 te Reduzum as soan fan in smid. Hy wie gjin smid yn murch en bien. Leaver wie hy skoalmaster of noch leaver dominy wurden. Dochs hat hy as ienich soan de Smidte fan syn heit oernommen en is smid bleaun oan't 1882 ta. Yn syn feintejierren hie hy omgong mei Jonker Vegelin van Claerbergen, dy't fuort neist harren wenne. Troch dy omgong hat er in bulte leard en üt de boeken dy't er fan'e jonker te lézen krige, hat er folie wittenskip opdien. As aldfeint fan 50 jier boaske hy mei Janke Tsjerks Bottinga, de widdo fan Andle Jans Valkema. J.anke Bottinga wie boerinne op'e buorkerij, dy't oan't maart 1981 bewenne waard troch Evert Kuipers (no Witteveen) Hy stie in Reduzum heech oanskreaun, siet mei yn ferskate ferienings as be- stjoerslid, wie lange jierren tsjerkfad en lid fan de gemeenteried fan Idaarderadiel. Do't yn 1844 it Selskip oprjochte waard, liet hy him al ridlik gau as lid ynskriuwe. Letter waard hy lid fan if haadbestjoer en yn 1873 skathSlder, dat hy bleaun is oan syn dea ta yn 1902. Smeding hat mannich ferske makke, sa as Iduna, Forjit my net, Swanneblomme Bijekoer en de Fryske Hüsfreon. Yn it Aid en Nij Frysk Lieteboek kin men fan syn wurk fine. Bekend is ek syn "SémSn's Ofskie" (Bolle sudewyntsjes waaie) en syn "Aldjiersjün" GEMEENTE IDAARDERADEEL

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 57