- 2 - de ried ünderskreaun is, dat hja net samar de weryndieling oer harren hinne komme lieten. De foarsitter hat ek noch besocht wat oan it getalskriterium te dwaan. Hjirmei is wol düdlik dat it oer Anne Jet giet. Mei üt nairnne fan alle oare riedsfraksjes wol sprekker de foarsitter, syn frou en Harmen en Marchien fan dit plak öf lokwinskje mei de berte fan harren dochter en suske Anne Jet. Sprekker oerhandigt dan oan de foarsitter in sulveren beltsje mei ynskripsje foar Anne Jet, sadat foar har de gemeente en de ried fan Idaarderadiel nea ferlern gean sil. En as hja tsjin dat beltsje oan slacht hopet hy dat dat net in needklok wêze sil, mar in freugdebeltsje. De voorzitter is de raad bijzonder erkentelijk voor het "beltsje". Hij denkt dat hij zich bij dit "werkscheppend werk" heeft laten inspireren door een sketch van Rients Gratema, waarin hij een samenspraak heeft met de secretaris dat zij er voor zorgen dat de gemeente op peil blijft wat het inwonertal betreft. Spreker stelt het bijzonder op prijs dat de raad er op deze manier aandacht aan heeft willen schenken en mede uit naam van moeder en dochter wil hij hen daarvoor hartelijk dank zeggen. De hear De Visser stelt de saaklike kant fan punt 3 oan de oarder en jout as suggestje foar de mooglike oanlis fan it jachthaventsje yn Wergea oan dat de grün, dy't der troch it ütgraven üt komt, brükt wurde kin foar it opheegjen fan in hoekje bouterrein foar frije sektor wenten. It haventsje soe dan noch wat nei it südwesten ferpleatst wurde moatte en dan is der yn it noardeasten in unyk plakje foar in pear frije sektor wenten.Dat liket him ek in goedkeape oplossing foar de kolk. Fierder fynt sprekker dat de list wol ütwreide wurde kin mei de oanlis fan in fytspaad by de Wergeaster feart lans oer Domwier nei de Tützebrêge. It is net allinnich moai foar de rekréaasje, mar ek de bern dy't üt Wergea nei Grou op skoalle geane, kinne der gebrük fan meitsje. De hear De Wolf seit oer it ütstel fan it fytspaad dat de gemeente Ljouwert dit ek earne yn in rekréatyf plan hat te stean. Fierder hat sprekker koartlyn earne lézen dat der yn de lanboukommisje fan de twadde keamer praat is oer it ferpartsjen fan in potsje fan 175 miljoen ünder projekten yn de lSnynrjochting, natuerbehald en iepenloftrekréaasjeHy freget him öf oft der net wat yn sit foar de dingen dy't hjir op de list steane en foar de ruilferkaveling dy folie stadiger giet as wenst wie. Wethalder Van Gorkum fynt dat de praktyske suggestje, dy't de hear De Visser docht foar de öffier fan de grün mear in saak fan romtlike oardering is. Mei koarten sil der begün wurde mei it besjen troch planologen, fan mooglike üt- en ynwreiding fan Wergea en dér kin dizze suggestje meinommen wurde. Fierder neamde de hear De Visser it fytspaad by de Wergeaster feart lans. Der binne fêst wol mear foarbylden te neamen dy't yn dizze nota passé soene. Yn de nota is ek net oanjün dat dit alles is wat der is, mar dit is wol alles dat yn sa'n koart skoftsje tiid njonken alle oare wurk op papier komme koe. En der sil ek fül efteroan gien wurde moatte om it allegearre te réalisearjen. Der kin fansels wol omtinken jün wurde oan projekten dy't yn in nota "werk scheppend werk, deel II" komme kinne. It fytspaad soe dér ek yn kinne. It giet net samar om wat projekten. Sokke projekten moatte wol yn it ramt fan de nota passé. De heer De Wolf vraagt zich af of er niet ergens in de Bijbel staat: stelt nooit uw hoop op planologen. Voorzover de voorzitter weet is het: stelt op prinsen geen betrouwen, maar hij sluit niet uit dat er planologen zijn die 'Prins' heten. De mededelingen worden vervolgens voor kennisgeving aangenomen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 6