Wethalder mefrou Aukes andert dat it kolleezje de needsaak hjirfan ek wol sjocht. Om in düdlik adfys te krijen oer de oanpak fan dizze saak is der in adfys frege oan it P.O.W. Dat adfys wie düdlik nl. dit is .in taak fan de provinsje. Dat hat it kolleezje oernommen. Ek hat der koartlyn yn de krante stien dat der by de provinsje in ütstel leit om oan it Sprutsen Boek in subsydzje fan sa'n 15.000,= te jaan. Dêrüt hat it kolleezje ek konkludearre dat de provinsje dit as in taak foar har sjocht. Fierder kin sprekster wol meifiele yn de wurden fan de hear De Visser, mar om't de provinsje dochs in subsydzje jaan sil, is der foar de gemeente gj in taak De hear Terpstra seit dat it yndied sa is dat de provinsje in bedrach beskikber stelt foar it Sprutsen Boek, mar dat giet net earder as 1986 yn en it is bestimd foar in part-time wurkkrêft. It haldt fierder gjin ferban mei de apparatuer en alle oare kosten fan de organisaasjeIt stanpunt fan de provinsje is, dat dit by de gemeenten leit om't hja alle oare bibleteekwurk ek subsidiearje. De hear Knossen koe him wol fine yn de meidieling sa't dy troch it kolleezje foar- lein wie, mar no't hy üt it besprek heart dat it wolris oars wêze kin, liket it him in goede saak dat it kolleezje dit oanhaldt. Der kin dan ris besjoen wurde yn hoefier it mooglik is om it Sprutsen Boek op deselde wize te subsidiearjen as dat by de Blinenbibleteek gie. Hy hoecht dêr no net fuort ütslutsel oer, mar it kolleezje soe dat yn oerweging nimme kinne. De voorzitter vindt dat wel een denkbare constructie, maar ook de constructie om te zeggen dat als de provincie geen subsidie geeft, dat de gemeente dan de gevraagde subsidie verleent is mogelijk. Daarvoor moet er dus eerst duidelijkheid van de provincie komen. Als de provincie te kennen geeft dat van haar kant pas met een subsidie gestart zal worden in 1985 of 1986 dan kan door de gemeente de tussenliggende periode overbrugd worden. Het lijkt spreker het beste om het op deze manier op te lossen, daarvoor hoeft dan punt 6, het intrekken van het raadsbesluit over subsidie aan de Blindenbibliotheek niet te worden aangehouden. De hear Knossen seit dat dat ek net wie wat hy sein hat, mar it hat him wol faker bliken dien dat de foarsitter sa no en dan net al te bést harket nei wat der sein wurdt. Nei oanlieding fan punt 5 seit mefrou Faber dat har fraksje bliid is mei dit stikje sanearring yn Wergea. As dat pan dan öfbrutsen wurdt, fait der in hiel raar gat nei de feart ta en dêrom freget hja om te besjen oft it mooglik is dat der sa gau mooglik in ynfolling jün wurdt oan dat gat. Hja wit dat der plannen foar binnemar dy moatte noch sa'n lange wei gean, dat hja freget har öf oft dy ynfolling sa lang wol wachtsje kin. De voorzitter zegt dat er na afbraak inderdaad een merkwaardige opening ontstaat naar de Foudering toe. Er zal alles aan gedaan worden om de invulling zo snel mo gelijk te realiseren. Dat zal niet gemakkelijk zijn in verband met de beperkte mogelijkheden en de daaraan verbonden kosten. Toch zal er geprobeerd moeten worden de straatwand daar zo snel mogelijk weer dicht te maken. Nei oanlieding fan punt 6 freget de hear Van Essen wa't it beslüt nommen hat om de mooglikheden foar gearwurking yn it gearwurkingsferban Schoterwerven te ünder- sykjen foar de nije gemeente Boarnsterhim. Fierder fynt hy it wat iensidich as it allinnich by de Schoterwerven bliuwt. Neffens him moatte de mooglikheden foar gearwurking mei de Regio Fryslan-Noard ek ündersocht wurde. De hear Terpstra kin him alhiel by de wurden fan de hear Van Essen oanslute. De voorzitter antwoordt dat de heer Knossen hem verweet dat hij zo nu en dan niet zo goed luisterde, maar hij kan de heer Van Essen nu verwijten dat hij zo nu en

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 8