- 6 -
Fierder wurdt der op dit stuit ündersocht troch T.N.O. oft
de kwaliteit fan de platen wol goed wie. As üt dat ündersyk
bliken docht dat dat wol sa wie, dan moat der fierder socht
wurde nei de oarsaak, mar der is no noch neat oer te sizzen.
Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel
besloten.
13. Verkeersgeleider kruising Oostergoostraat-Stationsweg.
De hear Van der Goot seit dat it him neat fernuveret dat der
"verkeersonveilige situaties" op dy krusing foarkomme. Fanwege
de buorden yn de tün by de Mavo moatte de auto-bestjoerders
altyd te fier trochride om goed oersjoch te hawwen. It like
him goed dat dy buorden wat ferset wurde.
Fierder liket it him net needsaaklik dat der fuort mei ferhegings
wurke wurdt. As de midden fan de dyk earst ris mei wite stiennen
oanjün wurdt, sil dat al in hiel stik better wurde.
De hear De Wolf wol dizze opmerkings jerne stypje. It liket
him ek ta dat it foar it ferkear earder in fisuele saak is
as oft der perfoarst sa'n ferheging yn de dyk moat.
Wethalder Van Gorkum seit ta dat der yn oerlis mei de eigners
fan de buorden sjoen wurde sil nei in better plak.
It is it doel om dy ferheging mar lyts te halden en it oare
part fan de drip fisueel oan te jaan. Hy wol dochs jerne dat
dy ferheging der yn bliuwt om't de stoepe foar it polys jeburo
lans ek trochlutsen wurdt nei de krusing en sa'n ferheging
yn de dyk kin foar oerstekkende fuotgongers as flechtheuvel
fungearje.
Wurdt it allinnich mar fisueel oanjün dan sille der dochs noch
gefaarlike situaasjes üntstean kinne.
De hear De Wolf tinkt dat de ferheging net grut genoch wurde
sil om as flechtheuvel fungearje te kinnen en it liket him
foar de ferkearsfeiligens better dat der gjin ferhegingen yn
de dyk komme.
Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel
besloten.
14Verlenen algemene machtiging in voeren rechtsgedingen.
De hear Van der Goot freget him of oft sa'n algemiene machtiging
noch wol sin hat foar de oardel moanne dat Idaarderadiel noch
bestiet. As Raarderhim en Utingeradiel ek net sokke machtigingen
hawwe, kin it dochs better yn de nije gemeente regele wurde.
Mevrouw Van Schaik is ook niet voor zo'n algemene machtiging.
Het lijkt haar dat de raad hiermee alle bevoegdheden uit handen
geeft zodat bij nieuwe ontwikkelingen in een bepaald rechtsgeding,
daar niet meer op gereageerd kan worden. Mocht het college
al gebruik gaan maken van deze algemene machtiging dan lijkt
het haar goed dat over te voeren rechtsgedingen ook melding
wordt gemaakt in de betreffende afdelingsvergaderingen.